Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Ienakterfestival
Foto van de 5 schrijvers op het podium van Tryater
21 O/M 22 Maart’26

Ienakterfestival

Tryater fiert syn sechtichjierrich bestean yn teäterseizoen 2025-2026. Yn 1965 ûntstien út it rike amateurfjild, eart it syn woartels mei it Ienakterfestival op 21 en 22 maart 2026. Sân amateurferieningen en twa gearstalde groepen fan spilers geane oan ‘e gong mei spesjaal hjirfoar skreaune ienakters fan Doutsen van Gosliga, Raymond Muller, Maaike Bergstra, Sanne Schuhmacher en Wessel de Vries. De stikken wurde op it festival allegear útfierd op in passende lokaasje yn it gebou fan Tryater. De casts, dy fan de ferienings ûnder eigen rezjy en de gearstalde groepen ûnder dy fan Brecht Wassenaar en Alysha Meijboom, krije hjirby technyske stipe en meie gebrûk meitsje fan de profesjonele romte yn it gebou.

Dielnimmers
De folgjende groepen dogge mei oan it Ienakterfestival:

  • Toneelgroep Verder út Drachten
  • De Pionier Theatercreaties út Dokkum – jongeren
  • De Pionier Theatercreaties út Dokkum – folwoeksenen
  • Stichting Nut en Genoegen út Easterlittens
  • Kom mar op! út Suwâld
  • Theater in de wijk út Ljouwert
  • Nij Libben út Jellum/Bears
  • Twa gelegenheidsgroepen fan ‘losse’ amateurspilers

Nei it Ienakterfestival bliuwe de teksten beskikber foar dizze en oare ferienings, as kado fan Tryater foar it amateurfjild, foar de oarsprong.

  • Wannear: sneon 21 en snein 22 maart 2026
  • Wêr: Tryatergebou, Oostersingel 70 Leeuwarden
  • Kaarten: kaartferkeap start nei de krystfakânsje yn jannewaris 2026

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado