Kaartferkeap fan 1 desimber 2026 ôf
In brodzige foarstelling oer ynstinkt, skamte en alles dêrtuskenyn
Wat dochst ast net lang mear te libjen hast en der neat mear te ferliezen falt? Foar de frou (spile troch Joke Tjalsma) yn Drift is it no of noait. Om wat fan opwining te fielen giet se nei in mysterieus plak út har jeugd dêr’t se as bern perfoarst net komme mocht. Want:
“Dêr barre dingen dy’t net geskikt binne foar dyn eagen”
Doart se – midden tusken yllegale strjittraces, dubieuze foarbygongers en besleine autorútsjes – te ‘driften’ of wurdt se tsjinhâlden troch har eigen idee fan fatsoen?
Driften: in rydtechnyk, wêrby’tst mei opsetsin de kontrôle ferliest wylst kontrolearre troch de bocht fljochst. Behearsking en moed binne krúsjale eleminten om de goede balâns tusken adrenaline en feiligens te berikken.
Unike lokaasje| Parkeargaraazje De Klanderij
Op it boppeste dek fan parkeargaraazje De Klanderij, midden yn it sintrum fan Ljouwert, sjochst mei nei in ferhaal sûnder feilige ôfbeakenings. Under de stjerren, mei de stêd as dekôr en it lûd fan live muzyk, ferkear en it nachtlibben op de eftergrûn.


De rezjy is yn hannen fan Eva Meijering. As aktrise wie sy te sjen yn ûnder mear Nacht, Sâlt en Fanfare. Dêrneist spile se ûnder oare by Theater Artemis, Bontehond en het Zuidelijk Toneel. Frank Siera (Sâlt) skreau de tekst. Syn teksten falle op troch de filosofyske ynstek en muzikaliteit, binne yn ferskate talen oerset en publisearre yn literêre tydskriften. De haadrol is foar Joke Tjalsma, dy’t op telefyzje te sjen wie yn ûnder mear Oogappels, Bodem, Hertenkamp en Gooische Vrouwen en by Tryater earder yn û.o. Part-time Paradise en Swimbad spile. Aktrise Ali Zijlstra wie te sjen ferskate Tryaterproduksjes en û.o. yn de spylfilm Schneider vs. Bax van Alex van Warmerdam en de bekroande spylfilm Bankier van het Verzet.
- Spylperioade: 21 april /m 22 maaie 2027
- Lokaasje: Parkeargaraazje De Klanderij, Posthoornsteeg 40, 8911 AS Ljouwert
- Entreeprizen: € 24,50 (standert), € 22,- (Freonen fan Tryater), € 17,50 (CJP/Jong o/m 25 jr), try-outs € 2,50 koarting
- Betide-boekers-koarting: € 2,50 de kaart oant 1 febrewaris 2027
- Taal: Drift is foar it grutste part Frysktalich. Nederlandse ondertiteling is aanwezig (lichtkrant)
- English subtitles: available (Smart Glasses). Choose the ’ticket + smart glasses’

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Drift. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.
