Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
De Oare Kant
Foto van actrice Nynke Heeg voor een wit doek met schaduw
12 O/M 21 Juny

De Oare Kant

Oerol Festival Skylge

In fysike en fisuele trip, te sjen op Oerol Skylge

In frou waans partner nei in lange relaasje foar syn homoseksualiteit útkomt, bliuwt fertwivele efter. Wylst hy himsels werûntdekt en dêrby folslein opbluoit, besiket sy grip te krijen op de fraach wat harren ferbyntenis no eins betsjutte hat. Yn in fysike en fisuële trip dûkt de foarstelling yn ‘e binnenwrâld fan har as efterbliuwer. Tusken de skaden fan it ferline, oantinkens en fuortdrukte langstmen, sykje twa personaazjes fia dûns en taal nei in nij narratyf.

De foarstelling fan makker Romke Gabe Draaijer is de lêste fan syn trijelûk oer de syktocht en hing nei selsekspresje dy’t manlju hawwe kinne as sy foar harren aard útkomme (Pinokkio lost time en Morphosis waarden earder yn syn talintûntwikkelingstrajekt by Tryater makke). It is lykas de oare dielen ûntstien op basis fan ynterviews. Nynke Heeg (ûnder oare Foekje, Fanfare) spilet de haadrol. Har teksten geane fluoiend op yn in sterk en unyk spul mei de Singaporeeske waacking-dûnser Amin Alifin.

Waacking is in dûnsstyl dy’t him yn ‘e jierren 70 yn de underground queerclubsêne fan Los Angeles ûntwikkele en bekend stiet fan stylfolle earmbewegingen, opfallende poses en selsekspresje.

  • De Oare Kant is foar it grutste part Frysktalich, Nederlânske ûndertiteling is oanwêzich
  • Kaartferkeap fia Oerol Festival. Foar mear ynformaasje klik hjir

Kredits

Nynke Heeg
Amin Alifin
Romke Gabe Draaijer
Wiebe Gotink
Maarten Bos
Elze van den Akker
Gido Bamboe
Bart Schurer
Sigrid Jonker
Kenji Swart
Jetske Osinga
Spul & dûns Nynke Heeg, Amin Alifin | Konsept en regy Romke Gabe Draaijer | Muzyk Wiebe Gotink | Dramaturgy & tekstbewurking Maarten Bos | Foarmjouwing Elze van den Akker | Lûdsûntwerp Gido Bamboe | Ljochtûntwerp Bart Schurer | Technyk Sigrid Jonker, Kenji Swart | Produksje Jetske Osinga | Kampanjebyld Heleen Haijtema |

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado