Pop-up restaurant Geert-Jan Vaartjes by Under Wetter
09 12 2021Ljouwert, 9 desimber 2021 – Foar de maitiidsproduksje Under Wetter wurket Tryater yn Wergea gear mei sjef-kok Geert-Jan Vaartjes en poadium De Bidler. Vaartjes, ôfkomstich fan Wergea, is ien fan de manlju achter restaurant Oan Tafel en Grand Café JAN!. Foar de foarstelling dy’t spilet op de iisbaan, fersoarget er mei syn brigade yn De Bidler in Captain’s Dinner; in wintersk miel oan lange tafels.
Om’t Under Wetter bûten Oerol inkeld yn Wergea spilet, is it mooglik om in gearwurking oan te gean mei de pleatslike hoareka. Tatiana Pratley fan Tryater: “We kamen al gau by Geert-Jan út, dy’t in soad ûnderfining yn hûs hat en him flink manifestearret mei syn nije saken yn Wergea.” Geert-Jan Vaartjes: “Ik wie fuort entûsjast doe’t Tryater my frege. Net allinne is de kombinaasje kultuer en iten my bekend, troch de NNO-konserten by Lauswolt, ek krij ik altyd in soad enerzjy fan útdaagjende fragen.” Neist syn wurk by Lauswolt yn Beetstersweach wie Vaartjes ûnder oare sjef by De Librije yn Zwolle en de Bokkedoorns yn Overveen.
Foarôfgeand oan Under Wetter siedt Vaartjes in klassyk, wintersk miel mei in moderne, Easterske twist. It shared dinner wurdt optsjinne yn in pop-up restaurant yn poadium De Bidler, fêstige yn de tsjerke yn Wergea. Dêr is alle jûnen plak foar 150 gasten. It Captain’s Dinner past by it tema fan Under Wetter, dat in oade is oan tal fan iisbanen yn Fryslân. De lokaasjefoarstelling is as ûnderdiel fan programmaline ‘IIS’ fan kultuertriënnale Arcadia te sjen op de iisbaan fan Wergea fan 12 oant en mei 28 maaie en fan 28 juny oant en mei 9 july.
~ Foto: Lisa Snip
>> Klik hjir foar it reservearjen fan kaarten.