PETER SIJBENGA – BERNLEFPRIIS 2020
01 03 2021De Bernlefpriis fan de provinsje Fryslân wurdt alle jierren útrikt. De provinsje wol mei dy priis de Fryske taal yn de popkultuer in stimulâns jaan.
De band It Dockumer Lokaeltsje is de winner fan de Bernlefpriis 2020. Gitarist Sytse van Essen en sjonger/bassist Peter Sijbenga krigen in sjek fan € 1500,- en in byldsje. Fritz de Jong koe net oanwêzich wêze by it oerlangjen fan de priis.
Peter Sijbenga is oan Tryater ferbûn as musikus/komponist, skriuwer, oersetter en dramaturch. Sa ûntwikkele Peter de muzyk foar de teatrale audiokuiertocht It gelok fan Fryslân en skreau hy de tekst foar de jeugdfoarstelling Dit Wie It Waar Wer.
Lês it artikel hjir.