Undersyk nei de ynteraktive ynset fan social media oangeande keunstaktiviteiten
21 11 2016Tryater docht mei oan ‘Ruimte voor Dialoog’, in ûndersyk fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden yn gearwurking mei Stenden. Doel fan it ûndersyk is om te sjen hoe’t social media oangeande keunstaktiviteiten ynteraktyf makke wurde kin. Tryater ûndersiket dat oangeande de produksje De wierheid fan Wylgeragea. Neist Tryater dogge ek Keunstwurk en it Fries Museum mei. Nei dizze earste ‘case’ docht Tryater yn de hjerst fan 2017 op ’e nij mei oan it ûndersyk mei ien fan de reisfoarstellingen.
Ruimte voor dialoog
Keunstorganisaasjes binne de lêste jierren hieltyd mear mei klam begûnen te kommunisearjen mei besikers. It docht bliken dat de kommunikaasje lykwols benammen ienrjochtingsferkear is. De marketing- en edukaasje-ôfdielingen sykje dêrom nei nije manieren om relaasjes mei besikers foarm te jaan en in aktive dialooch ta stân te bringen oangeande – yn it gefal fan Tryater – foarstellingen.
It ûndersyksprojekt rjochtet him dan ek op it ûntwikkeljen fan in (digitale) wurkwize wêrbinnen’t de ynteraksje tusken Tryater en de besikers én de besikers ûnder elkoar foarm krijt.
It projekt slút oan by de doelstellingen fan Kulturele Haadstêd 2018 dat stribbet nei ‘iepen mienskippen’, dêr’t organisaasjes en yndividuen yn dialooch mei elkoar sykje nei in nije oanpak foar kulturele, ekonomyske en ekologyske útdagingen.