Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Kuierferhalen: kuierje fan iisbanen ôf

12 05 2022

By de lokaasjefoarstelling Under Wetter hat Tryater fiif kuiers ûntwikkele dy’t begjinne by in iisbaan yn Fryslân. De rûtes fan sa’n seis kilometer binne te folgjen mei in app, dêr’t ek koarte audioferhalen en doch-opdrachten op stean. De kuiers binne geskikt foar de hiele famylje en ek los fan de foarstelling te dwaan.

De Under Wetter Kuierferhalen starte fan de iisbanen ôf yn Beetstersweach, Berltsum, Holwert, Wergea en Wikel. Rinst de rûtes mei help fan de fergees te downloaden Smart Guide-app. Underweis hearst ferskate koarte ferhalen, dy’t skreaun binne troch skriuwers dy’t har ynspirearje litten hawwe troch de tematyk fan de foarstelling Under Wetter. Dêrneist krijst as kuierder oan de start, healweis en oan de ein in doch-opdracht fan in Under Wetter-akteur. 

Op de webside fan Tryater stean de startlokaasjes fan de kuiers. Hoe’t de app wurket, wurdt by de oanbelangjende iisbanen ek útlein op in startbuordsje, sadat ek spontane kuierders meidwaan kinne oan de Kuierferhalen.  

~ Foto: Berber van Oyen

» Meer lezen? Klik dan hier.

Nijs

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado