KRYSTWINSK 2025
18 12 2025
It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.
Yn febrewaris gie by ús yn de eigen teäterseal de dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy yn premjêre, om in pear dagen letter op NPO2 en Omrop Fryslân útstjoerd te wurden. In mânsk projekt fan Murk-Jaep van der Schaaf, oer it ynternasjonale Phōnē-projekt, dat we doe krekt ôfrond hiene. De fraaie film, letter dit jier foel it noch yn de prizen, seagen we mei in folle tribune, dêr’t ek ús bûtenlânske partners op sieten. Wat in moaie sfear fan ferbining om it jier mei te begjinnen.
Dat gefoel ha we troch 2025 hinne fêst witten te hâlden, mei hieltyd dat jubileum foar eagen. Want it is bysûnder, benammen yn dizze tiden, datst de holle yn de kulturele sektor sa heech hâldst. Yn al dy jierren, ek fier foar myn tiid, hat Tryater teäter brocht dêr’t minsken noch lang oer neiprate.
Foaral mei ús foarstelling Foekje binne we dêr ek dit jier goed yn slagge, want besikers, ekspêrts, erfaringssaakkundigen én de lanlike parse rekken net útpraat oer de gymsealfoarstelling en haadûnderwerp Foekje Dillema. Lytser yn oanrin mar net minder djip yn yndruk wie jubileumfoarstelling Twa minuten foar oanfang: we mochten kear op kear hearre dat minsken sa’n spesjale ûnderfining hân hiene op de nuvere rûte troch de backstage fan skouboargen en de holle fan Joop Wittermans.
Us skoalfoarstellingen meitsje likegoed de tongen los. By Loft, dat yn it middelber ûnderwiis spile en gie oer thússitters, gie de klasse drok yn petear oer it ûnderwerp. Itselde jildt foar Anwar en de wolf, dêr’t it jier tige suksesfol mei iepene. It bliek op de skoallen it toppunt fan ferbining: it stik oer flechtling Anwar dy’t op syn reis in wolf moetet hie fan ferskate kultueren en talen wat yn him en bea werkenningspunten om oer te praten. It waard sa goed ûntfong dat we it dizze krystfakânsje ek iepenbier spylje, foar de hiele famylje. Om de foarstelling yn it Tryater-gebou hinne stiet it moetsjen sintraal: muzyk, iten, gebrûken en minsken fan oer de hiele wrâld helje we yn ‘e hûs. Kom del ast omtrint de feestdagen wat spesjaals belibje wolst!
Mei al dizze saken hat Tryater in protte nije partijen mei ferskate ekspertizes en eftergrûnen oan him witten te binen. Weardefolle kontakten dy’t we hiel graach fierder útbouwe. Want Tryater is der foar elkenien en wol rûnom treffe. Dat we fan ’t jier fan it Ryk likegoed as fan de provinsje wer stipe foar de kommende jierren tasein krigen hawwe, wie dêrby ek wer hiel goed nijs. Dêr’t we trouwens de flagge net hiel fier foar úthongen want der binne ferskate kollega’s dy’t oare berjochten krigen.
Mei in bytsje noed oer it kulturele fjild fan 2026 mar mei it folste betrouwen yn ús eigen takomst, fleane we mei in goed sin it âlde jier út en stappe wy sterk it nije jier yn ‘e mjitte. Yn dat jier komme der alwer prachtige saken oan, lykas it grutte lokaasjeteäterstik Swimbad yn Bakkefean mar dêrfoar ek al it Ienakterfestival, wêrby’t we fanwegen ús jubileum de amateurteäterwrâld omearmje en in poadium jouwe. Foar de skoaljeugd spylje we ûnder mear Plûns, in moaie lytse foarstelling. En dan ha ik it noch net iens oer it neifolgjende teäterseizoen, dêr’t we al drok foar dwaande binne mei hiel spannende ideeën.
It wurdt ek op in oar mêd in bysûnder jier, want yn april draacht myn kollega Valentijn Fit as saaklik direkteur nei tsien jier it stôkje oer. Oan wa en hoe krekt, dat sille we noch sjen. Mar sa’t hy sels seit, sil syn opfolger Tryater mei nije ideeën en frisse enerzjy op wei helpe nei de folgjende sechtich jier.
En sa ha we in tige buoiend jier efter ús mar komt der ek in yntrigearjend jier op ús ta. We pûste earst in lyts bytsje út mar strûpe yn jannewaris drekst de mouwen wer op om der mei ús organisaasje, spilers, frijwilligers, Freonen én besikers it allerbêste 2026 fan te meitsjen.
Noflike dagen en hiel graach oant dan!
Tatiana Pratley
Artistyk direkteur