Karawane 20 febrewaris foar elkenien te sjen
18 01 2019Jolifanto bambla ô falli bambla. Grossiga m’pfa habla horem. Karawane komt werom! Tryater makke de foarstelling yn 2018 foar Lân fan Taal, ûnderdiel fan LF2018. Hans Brans skreau yn de Leeuwarder Courant: ‘Karawane gaat niet ergens óver, maar laat taal verschuiven, op hol slaan, met ons spelen. Dat klinkt abstract en dat is het misschien ook voor wie hardnekkig op zoek blijft gaat naar de diepere betekenis en het grote verband. Kinderen hebben daar minder last van. Daarom is deze voorstelling ook zo geschikt voor volwassenen die nog wat af willen leren.’
Yn 2019 sjogge learlingen fan de groepen 7 en 8 fan 45 skoalleyn yn Fryslân Karawane by Tryater én der is ien iepenbiere foarstelling: Karawane is yn de foarjiersfakânsje, op woansdei 20 febrewaris om 19:30 oere, foar elkenien te sjen yn Stadsschouwburg De Harmonie.