Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Jou dy op foar de workshoprige foardrachtskeunst

27 06 2022

Wolst tips en trúks om sa foar te dragen dat it publyk dy de wurden wol út ’e mûle helje wol? It geheim ûntdekke achter it goed brûken fan stiltes yn dyn foardracht? Dyn hiele hâlding ynsette om dyn tekst hearre te litten? Meld dy dan oan foar de workshoprige fan fiif jûnen oer foardrachtskeunst foar profesjonele skriuwers en dichters.

Yn 2021 dienen 5 profesjonele skriuwers en dichters út Fryslân mei oan de workshoprige. De twadde rige begjint op woansdei 31 augustus en wurdt oanbean troch Ljouwert UNESCO City of Literature, Tryater en Explore the North.

Yn dizze workshoprige ûndersikest op boartlike wize de mooglikheden om in tekst oer te bringen. Silst mei akteur en teaterdosint Karel Hermans oan ’e gong mei dyn eigen teksten, poëzy of proaza, yn hokker taal ast mar wolst. Yn fjouwer gearkomsten fynst út wêr’t dyn kwaliteiten lizze en wêr’tst oan wurkje kinst. It giet benammen om wille en ferbyldingskrêft. We wurkje mei dy oan hâlding, it brûken fan stim, ynterpretaasje en teatertechnyk. Dit is it ark foar in goeie foardrachtskeunstner. Nei fiif gearkomsten jouwe we op 14 oktober mei ús allen in performance foar publyk op festival Explore the North.

Ljouwert UNESCO City of Literature ynvestearret yn in profesjoneel literêr klimaat yn Ljouwert en Fryslân en organisearret tegearre mei Tryater en Explore the North dizze workshoprige as ûnderdiel fan it creative writing programme. Profesjonele skriuwers en dichters kinne har o/m snein 10 july hjir oanmelde.

It dielnimmen oan de workshops is fergees. We meitsje in seleksje op basis fan de oanmeldingen en litte yn de wike fan 18 july witte ofst meidwaan kinst. Ast selektearre bist, dan ferwachtsje wy datst oan alle geearkomsten dielnimst. De workshopjûnen binne op 31 augustus, 7 septimber, 21 septimber, 28 septimber, 29 septimber (try-out/trochrin) fan 19.30 oant en mei 22.00 oere. De einpresintaasje is op 14 oktober op festival Explore the North.

Wolst mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Tryntsje van der Steege, projektkoördinator Ljouwert UNESCO City of Literature, tryntsje@leeuwardencityofliterature.nl.

~ Foto: Lucas Kemper

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado