JINC by Tryater foar bliksemstages
24 10 2024Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.
JINC set him yn foar in maatskippij dêr’t dyn eftergrûn net dyn takomst yn bepaalt. De bliksemstaazje by Tryater rekke ferskate teäterberoppen oan. De learlingen skreaune sênes, spilen mei technyk en makken posters.
Tryater is sûnt 2021 grutske partner fan JINC en draacht graach by oan harren missy om bern te learen wat nedich is foar in fleanende start op de arbeidsmerk.
De learlingen wiene opnij tige posityf oer de bliksemstaazje.
” No bin ik der wis fan dat ik akteur wurde wol. Dizze moarn wie folle leuker as rekkenlessen.