Gouden Wykein foar betûfte amateurspilers
13 09 2024It Gouden Wykein fan Tryater is dit jier op 17, 19 & 20 oktober. Betûfte amateurspilers ûntwikkelje yn it Gouden Wykein harren eigen personaazje, mei op sneintemiddei 20 oktober in presintaasje foar publyk.
Op tongersdeitejûn 17 oktober set Olaf Pieters útein. Hy brûkt de spulmetoadyk ‘De 4 eleminten’ om de elemintêre kant fan in personaazje te ûndersykjen. Sneon 19 oktober komme de dielnimmers yn de kunde mei Tine (Tamara Schoppert) út de foarstelling BINGO! en fertelt Tamara mear oer har personaazje. Mei in opdracht geane de dielnimmers ferfolgens op ’n paad om ûndersyk te dwaan nei harren rol. De dielnimmers kinne sels in masterclass kieze (bygl. Fabian Jansen) en sille oan de slach mei it útwurkjen fan harren eigen personaazje.
Wy slute it Gouden Wykein ôf op snein 20 oktober mei it spultsje BINGO! (under lieding fan Tine) dêr’t alle dielnimmers, yn rol, oan meidogge. Fan 13.30 oere ôf geane wy los en makket it publyk kâns op spetterjende prizen!
Kosten foar it hiele wykein – ynklusyf alle worksjops en kofje/tee en lunsj op sneon en snein – binne € 90,-
Wolst meidwaan en/of witst betûfte spilers dy’t dit Rûnom projekt noch net yn harren agenda stean ha? Mail Anne Zijlstra foar mear ynformaasje of jou dy fuortendaliks op!