Ekstra foarstellingen Wereldburgers van de Voorstreek
17 05 2018De foarstelling Wereldburgers van de Voorstreek wurdt yn juny ek noch spile yn it eardere pand fan Bever op de Voorstreek yn Ljouwert.
De muzikale lokaasjeproduksje fan Tryater en de Leeuwarder Courant reizget yn juny net nei it Oerolfestival, lykas de bedoeling wie, mar bliuwt op syn plak. De foarstelling is sa spesifyk produsearre op en foar de Voorstreek, wêrby’t de strjitte sels in krusiale rol spilet, dat de produksje net ferpleatst wurde kin.
Op Skylge soe Wereldburgers yn in loads op it haventerrein fan West-Skylge spylje en dat soe de produksje, dy’t hiel goed ûntfongen waard, tekoart dwaan. Dat beslút namen artistyk lieder Kees Lesuis fan Oerol en regisseur Ira Judkovskaja fannemoarn.
Oant no ta wienen alle Ljouwerter foarstellingen fan Wereldburgers van de Voorstreek útferkocht en wienen der lange wachtlisten. De minsken dy’t dêr op stean kinne de kommende wiken by de foarstelling telâne. Fan 6 juny ôf wurde der ekstra foarstellingen spile. De kaartferkeap dêrfoar start op freed 18 maaie om 9 oere moarns op www.tryater.frl.
Benijd nei de ferhalen fan de ûndernimmers? Sjoch op voorstreek.lc.nl.