Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Dit binne wy

Oer Tryater

Tryater, woartele yn de Fryske mienskip, produsearret kwalitatyf heechweardich Frysk- en/of meartalich teäter foar in publyk fan folwoeksenen, jeugd en jongeren binnen en bûten Fryslân. De (ko-)produksjes fan Tryater drage foar in belangryk part by oan de fitaliteit, ynnovaasje, profesjonalisearring en ynternasjonalisearring fan it Fryske kulturele fjild en de taalemansipaasje en -ferskaat binnen de Nederlânske poadiumkeunsten.

Meartalich en ynklusyf

Tryater is ít meartalige teäterselskip fan Fryslân en makket diel út fan de lanlike kulturele basisynfrastruktuer. De Fryske taal hat in evidint plak yn ús foarstellingen. We spylje sa’n 235 foarstellingen yn it jier, foar sa’n 23.000 bern, jongeren en folwoeksenen. Troch hiel Fryslân. Us foarstellingen binne mearstimmich, ynklusyf en
tagonklik: we wolle der wêze foar alle ynwenners fan Fryslân.

TICHTBY

We meitsje lokaasjeteäter, grut- en lytsskalich, op plakken dêr’t mienskippen by elkoar komme: de kantine fan de sportklup, it iepenloftswimbad, de skoalle of it doarpsplein. Us foarstellingen spylje yn op it minsklik ferlet fan ferbining yn in permanint ûnwisse tiid. We litte sjen hoe’t mondiale, maatskiplike ûntwikkelingen lokaal trochwurkje.
As selskip lûke we yn it proses fan it meitsjen op mei de mienskip by de foarstellingslokaasje of it foarstellingsûnderwerp. Sy is boarne, meispiler en spegel. Wy bringe ferskillende minsken en perspektiven by elkoar, troch generaasjes, kulturele en sosjale achtergrûnen hinne. Sa ûntstean nije ferhalen mei in ferbinende krêft.

KWEEKFIVER

Us artistike team is ferskaat gearstald (wat âldens, etnisiteit, sosjaal-kulturele achtergrûn, seksuele oriïntaasje oanbelanget). Alle makkers fiele har ferbûn mei Fryslân en hawwe affiniteit mei ús dokumintêre wurkmetoade. Foar talint meitsje we trochrinnend romte, út soarch foar de nije generaasje Frysk(talig)e teätermakkers. Fia eigen talintûntwikkelingstrajekten en gearwurkingen mei kollega-ynstellingen yn
Noard-Nederlân, lykas Station Noord.

DUORSUM

Tryater ken in rike skiednis as teäterfoarsjenning foar Fryslân. Yn 2025 fiere we ús 60-jierrich bestean en we sjogge alfêst út nei 2085. Us bedriuwsfiering is rjochte op in duorsume takomst. Dat sjochst werom yn wat we kieze op artistyk mêd, ús publyksoanpak, de gearwurkingen dy’t we oangean, ús talintûntwikkelingsbelied, de ynfolling fan ús rol as wurkjouwer en de maatregels dy’t we nimme foar natuer en miljeu.

REGIONAAL EN YNTERNASJONAAL

Us berik is grutter as Fryslân allinne. Sa hawwe we partnerskippen mei teäterselskippen en festivals yn Noard-Nederlân en binne we de driuwende krêft achter in Europeesk netwurk fan teäterynstellingen dy’t – krekt as wy – meartalich wurkje yn in regionale kontekst. Ut ús unike regionale posysje wei lûke we de wrâld yn.

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado