Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026
17 04 2025
Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere stiet fol mei it nije oanbod fan skoaljier 2025/2026.
Nijsgjirrich? Kinst net wachtsje oant de brosjuere op de matte falt of leit dy net yn de brievebus? Besjoch dan hjir ús oanbod alfêst online. Neist ynformaasje oer ús jeugd- en jongerenfoarstellingen kinst ek mear lêze oer ús edukative oanbod foar po, vo, mbo en hbo wêrby’t learlingen sels yn aksje komme kinne.
Save the date: Dosintebuorrel
Wolsto mear witte oer ús oanbod? Op tongersdeitemiddei 5 juny binne dosinten en oare ynteressearren wer fan herte wolkom op ús jierlikse Dosintebuorrel foar it vo en hbo/mbo-ûnderwiis. Dit jier by ús buorlju Meeuw Jonge Theatermakers yn’e hûs, op de Oostersingel 70B.
Meld dy hjir oan!
Tryater tipt: kultuersubsydzje
Goed nijs foar skoallen fan po oant en mei hbo yn de provinsje Fryslân: It is wer mooglik om subsydzje oan te freegjen fia de regeling Frysk foar no en letter. By Tryater kinst dizze subsydzje ynsette foar foarstellingen lykas Plûns (4+) én workshops dy’t oanslute by it Taalplan Frysk 2030. Mis dizze kâns net en lit dyn learlingen genietsje fan ús oanbod.
Foar de oanfraach alfêst mear ynformaasje of in frijbliuwende offerte nedich? Nim dan gerêst kontakt op mei edukaasje@tryater.nl.