BREIDZJE – DE ALDERLÊSTE KEAR
29 03 2021Dit skoaljier ha wy mei in protte wille de beukerfoarstelling Breidzje spile foar beukers yn Fryslân en hjoed wie de alderlêste foarstelling!
Wy moasten tusken de coronamaatregels troch lavearje en binne bliid dat wy de foarstelling sa’n 35 kear spile ha.
De beukers ha genoaten fan it groeiende breiwurk en lake om it ôfraffeljen fan in trui. Grut en grutter wurde en lyts en te lyts. Wat wie it in moai aventoer!