Borduere foar Wat jo wolle
12 09 2017It publyk is kening by Wat jo wolle. Dêrom krijt elkenien by Wat jo wolle in eigen kessentsje om op te sitten. Tryater hâldt op de Tredde Tiisdei fan septimber, de 19e, fan 13:30 oant 17:00 oere in borduermiddei wêrop’t de kessentsjes makke wurde. Der wurdt borduere yn it gebou fan Tryater oan de Oostersingel 70 yn Ljouwert. Elkenien kin meidwaan, Tryater soarget foar it materiaal. De basis is ienfâldich, de borduerders kinne it sa moai meitsje as se sels wolle. Dekôr- en kostumûntwerpster Sacha Zwiers jout ynstruksje en ynspiraasje.
Ek nocht om mei te bordueren en in stikje repetysje te sjen?
Klik hjir om oan te melden.
Parkeare kin rûnom it gebou (blauwe sône) of yn parkeargaraazje Hoeksterend.