Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Rik Witteveen

Rik Witteveen

Akteur

Rik Witteveen is berne yn Ljouwert en studearre yn 2015 ôf oan de Amsterdamse Toneelschool en Kleinkunstacademie (AHK). Op jonge leeftiid ûntduts er it aktearjen by Jeugdtheaterschool Meeuw, dêr’t er koart nei syn ôfstudearjen yn de jubileumfoarstelling Meeuw spile, yn regy fan Tatiana Pratley. Neist in tal telefyzjerollen spile Rik ûnder oaren by it Noord Nederlands Toneel, Theater Sonnevanck en TG de Jonge Honden. By Tryater spile er yn de foarstellingen Trouwerijen en rjochtsaken ensf. en Karlsson fan it dak. Fierder is Rik ferbûn oan de jeugdteaterselskippen TEN Producties en Studio BOCK&BAAS, dêr’t er edukative foarstellingen makket en spilet.

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado