Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Marjolein Ley

Marjolein Ley

Aktrise

Marjolein Ley is yn Ljouwert berne en opgroeid yn Goutum. Yn 2004 is se ôfstudearre oan de Arnhemse Toneelschool. Nei har ôfstudearjen wenne se yn Amsterdam en spile se by ferskate selskippen as ITA, HNT en De Toneelmakerij. Ek makke se eigen foarstellingen. Yn 2015 ferhuze Marjolein werom nei Ljouwert en sûnt dy tiid is se geregeld te sjen yn produksjes fan Tryater. Sa spile se al mei yn Brekber, Holes, So happy together, Doarp Europa, In dei út it knisterjende libben fan in pûdsje, Karlsson fan it dak en 1000&1 Nacht. Yn 2021 wie Marjolein te sjen yn de beukerfoarstelling Sûkerswiet en de foarstelling Nacht, ûnder artistike lieding fan Tatiana Pratley.

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado