Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit
12 12 2025
Bêste minsken,
Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.
Ik fyn it by de kulturele sektor passen dat direkteuren net einleas op harren plak bliuwe. Tsien jier is yn dat ramt al bêst lang. Ik fyn it geweldich om it sechstichjierrich jubileum fan Tryater mei te meitsjen en sjoch dit as in moai momint om plak te meitsjen foar in folgjende direkteur. Dy sil mei frisse enerzjy en nije ideeën de rol ynfolje en Tryater mei op wei helpe nei de folgjende sechstich jier.
Op dit stuit ha ik noch gjin nije baan of opdracht oannommen. Ik sil earst efkes útpûste en my dan neitinke oer wat de takomst bringt. Der komt grif wer in folgjende útdaging op myn paad om my yn fêst te biten. Ik stean iepen foar suggestjes!
Mei in protte nocht sjoch ik werom op de ôfrûne tsien jier by Tryater. Sa’n soad geweldige, moaie en ferbinende foarstellingen en projekten hawwe wy dien! De foarstellingen dy’t ik as hichtepunten sjoch wiene: De Iepening (fan de Kulturele Haadstêd yn 2018), Wereldburgers van de Voorstreek, Karawane, Jonges, Nacht en it Fanfare-trijelûk.
Njonken foarstellingen wiene fansels ek oare saken foar my wichtich: trije suksesfolle mearjierrige subsydzjerondes by Ryk, provinsje en gemeente, it bottom-up ymplemintearjen fan in nije manear fan wurkjen mei multydissiplinêre, selsstjoerende teams, Tatiana Pratley dy’t as artistyk direkteur it stôkje oernaam fan Ira Judkovskaja, it trochstean fan de ‘corona-tiid’ op in wize dy’t ús sjen liet hoe sterk en linich we wêze kinne en it yntegrearjen fan tagonklikens, diversiteit en ynklúzje, en duorsumens yn ús deistige manear fan wurkjen.
De dingen dy’t ik neam ha ik fansels net allinne dien. Sûnder alle besiele Tryater-kollega’s – ynklusyf Rie fan Tafersjoch-leden, freelance-akteurs, -technisy, -foarmjouwers, frijwilligers, stazjêrs, ensfh. ensfh. – wie it net sa moai west! Itselde jildt foar al dy besikers en it grutte tal Freonen dy’t Tryater in waarm hert tadrage. Tige, tige tank dêrfoar.
In protte fan de dingen dy’t ik hjirboppe neam binne noch net ‘ôf’ (en sille miskien sels nea ôf wêze). Mar dat is goed en sels moai. Tryater bliuwt altyd feroarjen en ferjongen. Tryater bliuwt himsels op ‘e nij útfine… al sechstich jier lang!
Ik bin noch net fuortendaliks fuort. Sa’t oanjoech bliuw ik my oant 1 april foar Tryater ynsetten. Hiel graach meitsje ik goed dien wurk; ik sil my ûnder mear dwaande hâlde mei de ynhâldlike en finansjele ferantwurding fan 2025.
Mei hertlike groetnis,
Graach oant sjen!
Valentijn Fit