Alwer de lêste foarstelling fan...
11 12 2017De ôfrûne moannen spile Tryater mar leafst trije produksjes troch de provinsje. Wat jo wolle spile yn de doarpshuzen, Elkenien is in prutser op ferskillende lokaasjes en Skûmbek, foar jongeren tusken 12 en 14 jier, yn de teaters. It wie in werveljende perioade dy’t no plak makket foar in hiel oar barren, nammentlik it Iepeningswykein fan Kulturele Haadstêd (LF2018). Mar foar’t it safier is: We spylje noch ien foarstelling fan Wat jo wolle! Sneon 16 desimber is der noch plak yn De Harmonie yn Ljouwert. Kaarten binne te krijen via de webside fan De Harmonie of oan de kassa.