Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater siket ferhalen fan froulju foar Drift

03 03 2026

Ynput foar spannende parkeargaraazjefoarstelling fan 2027

Yn 2027 bringt Tryater de spannende parkeargaraazjefoarstelling Drift op de planken, oer de prikeljende ûntdekkingstocht fan in frou op leeftiid. Teätermakker Eva Meijering is foar ynspiraasje op syk nei froulju tusken 50 en 90 jier dy’t mei har yn petear wolle oer harren emosjonele ûntwikkeling fan harren jeugd ôf.

Spanning op De Klanderij
Lokaasjefoarstelling Drift is pland foar de simmer fan 2027 en wurdt spile op in yntrigearjende bûtenlokaasje: op it boppeste dek fan parkeargaraazje De Klanderij yn Ljouwert. De haadrol is foar Joke Tjalsma (68), dy’t op telefyzje te sjen wie yn ûnder oare Oogappels, Bodem, Hertenkamp en Gooische vrouwen en by Tryater earder yn ûnder oare Part-time Paradise spile. Yn maaiejuny 2025 is sy ek de haadfiguer yn Tryater-foarstelling Swimbad yn Bakkefean. Yn Drift sil har personaazje op syk nei spanning, nei gefoelens dy’t se noch net ûntwikkelje kinnen hat.

Fertroulik mei Fryske froulju
Om yn it skript en it makproses in folslein byld te sketsen en it personaazje rjocht te dwaan, hellet teätermakker Eva Meijering graach ynput op by froulju dy’t ek in emosjonele syktocht trochmakken. Meijering, sels aktrise by Tryater (ûnder mear yn Sâlt, de Oerol-hit fan 2023), giet it leafst persoanlik yn petear, fansels fertroulik. Dat kin thús of op in keazen lokaasje. Froulju yn Fryslân tusken 50 en 90 jier wurde oproppen om harren uterlik 21 maart hjirfoar te melden by Eva fia publisiteit@tryater.nl. Dizze nijsgjirrige, leechdrompelige petearen wurde yn de perioade april-juny fierd en leverje ynhâld foar it skript, dêr’t fan de kommende simmer ôf oan wurke wurdt troch priiswinnende skriuwer Frank Siera.

Meijering: ‘Ik meitsje graach persoanlike foarstellingen, dy’t tichteby myn eigen ferhaal en ynteresses steane. In ûnderwerp as dit – it libbensproses dat in frou yn ferskate fazes trochmakket – yntrigearret my. Wat is “drift” foar dy? Hat dat mei lilkens te krijen, of is der ek sensuële drift? Bist wolris op drift slein? Hawwe dizze froulju altyd kontrôle oer harren gefoelens, en wêr sit dat gefoel dan? Is dat oars ast 15, 35 of 55 bist? Ik soe dêr graach oer prate, gewoan as froulju ûnder elkoar en fansels fertroulik; oan ‘e iterstafel of op in oar plak. It moat in goed en bysûnder ferhaal wurde en dêr kinne de froulju fan Fryslân oan bydrage.’

Nijs

Foto met actrice Nynke Heeg in de voorstelling Foekje 19 01 2026

Tagonklike tongersdei

Tryater presintearret op tongersdei 22 jannewaris de resultaten dy’t de pilot tagonklikens yn 2023-2025 foar in teäterbesite troch ûnder mear minsken dy’t min sjogge of hearre opsmiten hat.

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado