In fysike en fisuele trip, te sjen op Oerol Skylge
In frou waans partner nei in lange relaasje foar syn homoseksualiteit útkomt, bliuwt fertwivele efter. Wylst hy himsels werûntdekt en dêrby folslein opbluoit, besiket sy grip te krijen op de fraach wat harren ferbyntenis no eins betsjutte hat. Yn in fysike en fisuële trip dûkt de foarstelling yn ‘e binnenwrâld fan har as efterbliuwer. Tusken de skaden fan it ferline, oantinkens en fuortdrukte langstmen, sykje twa personaazjes fia dûns en taal nei in nij narratyf.
De foarstelling fan makker Romke Gabe Draaijer is de lêste fan syn trijelûk oer de syktocht en hing nei selsekspresje dy’t manlju hawwe kinne as sy foar harren aard útkomme (Pinokkio lost time en Morphosis waarden earder yn syn talintûntwikkelingstrajekt by Tryater makke). It is lykas de oare dielen ûntstien op basis fan ynterviews. Nynke Heeg (ûnder oare Foekje, Fanfare) spilet de haadrol. Har teksten geane fluoiend op yn in sterk en unyk spul mei de Singaporeeske waacking-dûnser Amin Alifin.
Waacking is in dûnsstyl dy’t him yn ‘e jierren 70 yn de underground queerclubsêne fan Los Angeles ûntwikkele en bekend stiet fan stylfolle earmbewegingen, opfallende poses en selsekspresje.
- De Oare Kant is foar it grutste part Frysktalich, Nederlânske ûndertiteling is oanwêzich
- Kaartferkeap fia Oerol Festival. Foar mear ynformaasje klik hjir

