Tagonklike tongersdei
19 01 2026
22 jannewaris 20.00 oere fleurige gearkomste yn teäterseal
Tryater presintearret op tongersdei 22 jannewaris de resultaten dy’t de pilot tagonklikens yn 2023-2025 foar in teäterbesite troch ûnder mear minsken dy’t min sjogge of hearre opsmiten hat. Elk dy’t der belang by hat is wolkom op dizze jûn, by de fleurige en fergese gearkomste yn de eigen teäterseal yn Ljouwert.
Fleurige gearkomste mei bûnt selskip
Op tongersdeitejûn binne ûnder mear oanwêzich paralympysk swimmer en Tryater-fan Liesette Bruinsma, gebeartetolk Thomas Dekker, Gerrie Rozema as wethâlder Diversiteit en Ynklúzje, en aktrise Nynke Heeg. Yn ‘e mande mei oanwêzige tolken, ynset fan de spesjale smart glasses mei ûndertiteling en gebearten, en in live blinetolk demonstrearje sy hoe’t Tryater de ôfrûne jierren boude oan in begryplike teäterbelibbing foar alle doelgroepen. Yn de ynformele en multimediale gearkomste leit Tryater út hoe’t de pilot útfierd is en wat de suksessen en stroffelblokken wiene. De presintaasje begjint om 20.00 oere. Wa’t komme wolle kinne harren lâns de knop oanmelde.