Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

19 06 2025

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis, fuortset ûnderwiis, mbo én hbo. Dêrmei mochten we mar leafst 1509 learlingen en studinten ferwolkomje yn ús gebou. In soad skoallen hawwe gebrûk makke fan de subsydzjepot fan ferline jier; Frysk foar no en Letter en koenen dêrmei workshops folgje.

210 learlingen dienen mei oan in rûnlieding fia moaie gearwurkingen as:

  • JINC – jongeren komme yn de kunde mei de ferskillende beroppen yn ús teäter en ûntdekke dat achtergrûn net dyn takomst bepaalt.
  • ArtTrip – dé kultuerrûte wêrby’t jongeren kulturele ynstellingen lykas Tryater fan binnenút kennen leare.
  • Stap op de Rode Loper! – in programma fol taal, ferhalen en kreative workshops.

Mar der is mear:

  • 350 mbo-ers fan Firda folgen mei in soad entûsjasme de workshop “Huh? Wat? Is dit taal?”
  • 560 pû- en fû-learlingen dûkten yn dekôr, ljocht en kostúm én stienen sels op de flier yn “Theater, hoe werkt ’t?!”
  • En by ús workshops op maat kamen 300 besikers del – fan learlingen oant dosinten – foar in programma dat oansleat op har eigen tema’s of learfragen. In slagge jier, we sjogge út nei takom skoaljier!

“We mochten echt achter de skermen sjen, dêr wêr’t publyk noait komt”

Mear witte of wolst ek in workshop boeke?  De nije brosjuere mei dêryn it oanbod foar skoaljier ’25-’26 is hjir te besjen. Foar de oanfraach alfêst mear ynformaasje of in frijbliuwende offerte nedich? Dat kin! Nim kontakt op mei edukaasje@tryater.nl

Goed om te witten: foar de workshops binne jim wolkom yn ús moaie gebou oan de Oostersingel (we komme net op skoalle). TIP: we kinne busferfier regelje. (kosten €5,- p.p.) 

Nijs

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado