Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater
16 06 2025
Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. It evenemint stie yn it ramt fan de fraach: ‘Hoe soargje we derfoar dat elkenien him of har wolkom fielt yn de sport?’ De byienkomst wie spesjaal foar minsken út de sportwrâld, lykas bestjoersleden, coaches en dosinten, dy’t har ynsette wolle foar in sportomjouwing dêr’t elkenien him of har yn thúsfiele kin.
De dei begûn mei in ynspirearjende talkshow, laat troch Marijke Roskam, dêr’t ferskate sprekkers har ûnderfiningen yn dielden. Under oare olympysk kampioen Liesette Bruinsma, paralympiër Stefan Broersma en yntersekse persoan Ella Witjes fertelden oer har eigen ûnderfiningen mei sport. Se fertelden hoe belangryk it is dat sportferieningen in plak binne dêr’t elkenien wolkom is.
Nei de talkshow wie der in ynteraktive sesje, dêr’t de dielnimmers sels reagearje koenen op stellingen lykas ‘By ús op de feriening is elkenien wolkom’. Dat soarge foar nijsgjirrige petearen oer hoe’t klups har hâlding ferbetterje kinne en konkreet oan de slach gean kinne mei ynklúzje. Der waard bygelyks neitocht oer de nammejouwing fan ferieningen en hoe’t dy kar bydrage kin oan in gefoel fan wolkom wêze foar elkenien.

Ta beslút gienen de dielnimmers mei elkoar nei de Tryaterfoarstelling Foekje yn MFC de Akkers, dêr’t de dei mei ôfsletten waard. De dei wie ynspirearjend en soarge foar in soad nije ideeën en ynsichten. It wie in moaie gelegenheid om nei te tinken oer ynklúzje yn de sport en om echt stappen te setten rjochting in omjouwing dêr’t elkenien meidwaan kin.
Bewust wurde as belangrike earste stap
Sport Fryslân wol ferieningen helpe om it petear oan te gean oer (ûn)gelikensens binnen klups. Bewust wurde fan it belang fan dit petear is in belangrike earste stap, dy’t mei dizze byienkomst en de foarstelling set wurde koe. Anne Jochum de Vries, direkteur fan Sport Fryslân, sei: “Dat elkenien in folweardich ûnderdiel wêze kin fan ús ferieningslibben, dat we ús allegear oprjocht thús en wolkom fiele kinne by de klup, dat is wêr’t it ferhaal fan Foekje Dillema foar my oer giet.”
Tryater Rûnom
Dizze byienkomst makket diel út fan Tryater Rûnom, in inisjatyf fan Tryater wêrby’t ferskate programma’s en aktiviteiten organisearre wurde om te ynspirearjen en it petear oan te gean. Tryater en Sport Fryslân wurken gear oan in passend programma om sport en kultuer tichter by elkoar te bringen, sadat we úteinlik in omjouwing kreëarje dêr’t elkenien yn meidwaan kin.