Op tongersdei 13 febrewaris om 20:00 oere giet de ynternasjonale dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy yn premjêre yn ‘e teäterseal fan Tryater yn Ljouwert; op sneon 15 en 22 febrewaris is de film yn twa dielen te sjen op NPO2, op snein 16 en 23 febrewaris op Omrop Fryslân. De film folget makkers fan trije teäterselskippen dy’t yn in lytse taal wurkje: Tryater út Fryslân, Teatr Piba út Bretanje en Kvääniteatteri út Noard-Noarwegen. Alle trije regio’s organisearje in lansearring op it grutte doek. Do kinst by de Fryske premjêre wêze ast op ‘e tiid oanmeldst fia de link hjirûnder.
Foar de FryslânDOK reizge dokumintêremakker Murk-Jaep van der Schaaf yn 2024 Ljouwert, it Frânske Brest en Storslett yn it noardlikste puntsje fan Noarwegen by del. Hy ferkende dêr mei teätermakkers Wessel de Vries, Christophe le Menn en Inger Birkelund harren lânskip, harren taal en harren wurk. Ek folge Van der Schaaf harren ûnderlinge útwikselingen, kreative prosessen en benammen de groeiende mienskiplike leafde foar taal en omjouwing.
Ynternasjonaal kontakt troch Phōnē
De gearwurking tusken de trije ûntstie út it ynternasjonale projekt Phōnē, dat teäterselskippen dy’t yn in minderheidstaal wurkje ferbynt. It fan Hamburch út oanstjoerde projekt waard foar trije jier stipe troch de Europeeske Uny en is yn desimber ôfrûne. Acht organisaasjes – njonken deselden út de dokumintêre kamen dizzen út Itaalje, Ierlân, Spanje, Roemeenje en Dútslân – wikselden binnen Phōnē út oer kwaliteit, kwantiteit, skriuwen, publyksbeheljen en tagonklikens fan teäter yn lytse talen.
De dokumintêre wurdt op 13 febrewaris om 20:00 oere by Tryater yn syn gehiel fertoand en der binne petearen mei ûnder mear de makkers.
Reservearje no fergees dyn kaartsje foar de premjêre!