Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup
07 11 2024Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle presintearre. Wer ‘in sterk staaltsje jeugdteäter út it Noarden’.
Der wie in moaie opkomst besteande út learkrêften út it basisûnderwiis, ynterne kultuerkoördinatoaren en kultuerbemiddelers fan gemeenten of skoalkoepels. Mei oandacht waard harke en geniete fan al it moais wat ús wer te wachtsjen stiet yn seizoen’25-’26.
Dêrneist hawwe we ynhâldlik útwiksele mei stellingen as ‘sadree’t de klasse by de foarstelling sit, binne sy de ferantwurdlikheid fan it teäter of selskip’ en ‘edukatyf materiaal by in foarstelling is in moai ekstraatsje mar net perfoarst nedich’. Dat smiet in moaie útwikseling op wêrby’t hjir en dêr fol fjoer praat waard oer it belang fan in goede tarieding by de foarstelling en de wearde fan de teäterbelibbing by bern.
As útsmiter waard dizze middei in nije Krukpraatsjes presintearre. Yn Krukpraatsjes freegje we bern nei it tema fan in foarstelling. Yn dizze nije ôflevering prate we mei bern oer it tema fan de nije 8+ foarstelling Anwar en de Wolf.
Hoe tinke bern oer grinzen? Wêr fiele se har thús?
Heb je de presentatiedag gemist of ben je gewoon benieuwd naar ons aanbod? Klik dan hier voor presentatieboekje van de Presentatiedag PO seizoen 2025-2026 van Tryater, Het Houten Huis en Peergroup.