Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater laadt him op foar nij teäterseizoen

18 07 2024

Tryater slút teäterseizoen 2023-2024 op 19 july ôf mei de ôfrûning fan it suksesfolle, suver útferkochte Fanfare en lûkt syn doarren ticht foar de simmer. Om fan ein augustus ôf hurd te wurkjen oan yn it folgjende seizoen, yn septimber te begjinnen mei de reprize fan Sâlt yn Alde Leie. Yn 2023 wie it in hit op it Oerol Festival.

Nij publyk
De grutte lokaasjefoarstelling Fanfare fan maaie-juny wie de hekkesluter fan Tryaters trijelûk oer de Fryske fanfarekultuer, dat mei útferkochte foarstellings op korpsrepetysjelokaasjes, yn húskeamers en de iepenloft by elkoar 11.000 minsken oanluts. ‘In yntinsive rit dy’t ús troch it hiele seizoen meinaam, mar wat hat it in soad moais brocht. Ferbining mei muzikanten, mei mienskippen én mei nij publyk,’ sa seit artistyk lieder Tatiana Pratley. Nij publyk waard ûnder mear fûn ûnder brûkers fan tagonklike middelen lykas de smart glasses mei ûndertiteling en gebeartetolk, in systeem dêr’t Tryater yn Nederlân mei pionieret. ‘Hjir sette we mei troch, we draaie sûnt Fanfare in twajierrige pilot foar tagonklikens. By de folgjende foarstelling sette we der like stevich op yn.’

Sâlt yn septimber
Nei de simmer stiet Sâlt op it program, in foarstelling fan en mei Tryater-aktrise Eva Meijering mei in tige persoanlike ynstek. It guontiden poëtyske mar faak ek luchtige stik oer opgroeie mei in hûdprobleem smiet yn 2023 hege eagen op Oerol, Skylge. Mei binnen in dei folslein besette plakken en in parse dy’t út ‘e skroeven wie, rôp it Tryater-publyk om mear. Fuortendaliks nei Oerol al, waard besletten it stik te wernimmen. ‘Oerol is geweldich om te stean mar we realisearje ús ek dat in soad fan ús publyk net nei it eilân komt. De reaksjes wiene fantastysk en it hiele stik pakte sa prachtich út dat we drekst besjen woene oft it ek in ferfolch op de wâl krije koe.’ It âld heftruckfabryk fan Alde Leie, no in eventlokaasje, bliek al gau in perfekt plak te wêzen foar it yntrigearjende teäterstik mei in ymposant dekôr fan metershege, stielen oktopuspoaten. ‘We sochten in grutte, hege romte, dy’t ek noch passe moast by it ferhaal. It iepene mar tagelyk benearjende fan in fabrykshal sil Sâlt wer fan in hiel nije diminsje foarsjen.’

Foarstellings en oar oanbod

Nei Sâlt giet Tryater fierder it seizoen yn mei ûnder mear Foekje, in teäterrige fan april oant en mei juny yn gymsealen oer it libben fan hurddraafleginde Foekje Dillema en de jeugdfoarstelling Anwar en de wolf, dy’t fan febrewaris ôf ûnder oare by skoallen delgiet. Wilens stypje we ek jonge makkers mei harren produksjes en biede we râneprogrammearring by ferskate foarstellingen. ‘Sa sil projekt Tryater Rûnom by Sâlt ek wat dwaan omtrint it tema hûd. Mei Rûnom lûke we graach op mei aspirant-skriuwers of spilers bygelyks, wat útrinne kin yn podcasts of oare uteringen.’

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado