Winsk 2023
21 12 2023In spesjaal jier is wer omflein. Yn 2023 gjin lockdowns en yngewikkelde omwegen om foarstellingen te meitsjen of trochgean te litten. Nee, we koenen gewoan bouwe oan wat we earder betochten. Yn alle kreativiteit, mei alle mooglikheden dy’t wer iepen leinen. Mei in soad romte foar bekend en nij talint betsjinnen we nije doelgroepen én in publyk dat ús trou is.
Wol is ek it besef fan de bysûndere tiid dêr’t we noch hieltyd yn libje. Yn Fryslân, yn Nederlân en dêrbûten. Mei in kulturele sektor dy’t nei de resinte ferkiezingen wachtet op wat komme sil, in maatskippij dy’t hunkeret nei fernijing, mar ek weromgrypt op it bekende. En in ierde dêr’t we hieltyd suniger op wêze moatte.
As Tryater besykje we ús rol te pakken op ús eigen manier. Soms troch ienfâldige stappen: sa reizgje, ite en produsearje we sa duorsum mooglik. Mar ek troch sjen te litten dat teäter en kultuer derta dogge, dat we minsken reitsje, ferwûnderje en yn beweging krije.
Ek dit jier makken we bysûnder teäter. Dat doar ik te stellen fanwegen de prachtige reaksjes en resinsjes dy’t we krigen.
Sâlt bygelyks, op Oerol mei in ynventyf dekôr yn in dúnpanne brocht troch Eva Meijering mei multy-ynstrumintalist Michelle Samba, mei lokaal en lanlik loovjende resinsjes ta gefolch. Mar net foardat it op spesjaal fersyk en yn yntime setting foar it Keningspear syn debút belibbe, doe’t se yn maaie de Waadeilannen besochten. Krekt as de lettere Oerol-besikers reagearre it stel oandien en mei in hiel waarm applaus.
Dyselde reaksje krige Ynblaze, it earste diel fan it Fanfare-trijelûk dat dit teäterseizoen spilet. Brecht Wassenaar spile as iennige akteur tusken besteande korpsen, ferspraat troch de provinsje. It publyk makke in yntime ‘repetysjejûn’ mei, mei alle twivels, emoasjes, moaie mominten en gefoel fan ferbining dy’t dêrby hearre. In soad werkenning op de tribune, in soad respekt foar wat ús team mei de fanfare delsette. Yn febrewaris gean we troch mei diel twa, Thúsblaze. Yn maaie folget it slotstik Fanfare, yn de iepenloft fan Easterlittens. De kaarten gean op dit stuit al hiel hurd. Mei Fanfare sette we noch in grutte stap foar in bredere doelgroep, troch it better tagonklik te meitsjen foar oarstaligen of minsken mei in beheining; ek dêr is it ôfrûne jier in soad enerzjy yn stutsen.
Wat duorsumheid oangiet: wêrom in moaie, suksesfolle foarstelling mei dekôr en al yn it jiskefet smite ast der mear minsken of sels in nije generaasje fan genietsje litte kinst? Begjin dit jier brochten we yn regy fan Tamara Schoppert Fabelkrêft op de planken, foar bern fan fjouwer jier ôf. Tsien jier earder dienen we dit ek al, dêrnei reizge it troch it hiele lân en sels it bûtenlân. Al dy tiid bleau de jeugdfoarstelling stevich oerein, en de nije ronde yn Fryslân liet sjen wêrom. Net inkeld de beukers, ek dosinten, heiten en memmen libben eefkes yntins mei as 10 jier lyn. De Eik was hier, noch sa’n jeugdfoarstelling fan dit jier dy’t in langer libben krijt, makken we yn koproduksje mei Peergroup en Het Houten Huis. Yn Fryslân al in grut sukses: aanst te sjen yn de oare noardlike provinsjes. Mei wer ús eigen talint, regisseur Aukje Schaafsma en akteur Gerwin de Vries.
We stienen mei Tryater yn 2023 folop yn it no, mei it each al op de takomst. Om’t yn novimber ús dochter Leonoor berne is, besjoch ik dy takomst ynienen ek mei har eagen. As ik dit skriuw, genietsje ik dus noch folop fan har, mar ik ha nocht oan alle fraaie projekten dy’t foar ús lizze en kin net wachtsje om yn in Fryske húskeamer in skitterjende Joop Wittermans yn Thúsblaze te sjen en yn Easterlittens mei in prachtige akteursploech en in ymposante gelegenheidsfanfare te repetearjen oan Fanfare. Ek sille we stadichoan weromsjen: yn 2025 bestiet Tryater sechtich jier. Takom jier wurkje we oan in feestlike manier om dat te fieren, ûnder mear mei in flink jubileumboek.
In ynspirearjend en sûn 2024 tawinske!
Ut namme fan Tryater,
Tatiana Pratley
Artistyk direkteur