Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Slagge presintaasjedei Tryater, Het Houten Huis en Peergroup

08 11 2023

Op moandei 6 novimber 2023 wie alwer de tredde edysje fan de presintaasjedei foar it primêr ûnderwiis: “Een sterk staaltje jeugdtheater”. Dizze dei organisearret Tryater yn gearwurking mei Het Houten Huis en Peergroup. Dit jier wienen we te gast by Het Houten Huis yn Grins. Mei elkoar presintearren we ús jeugdteäteroanbod oan tsientallen learkrêften en fertsjinwurdigers fan kultuermenu’s. In hiel slagge dei.

Tryater presintearre û.o. de nije 4+ foarstelling Groeigraach. Dizze byldzjende foarstelling sûnder tekst spilet yn de maitiid fan 2024 en 2025. Op de presintaasjedei hienen de oanwêzigen de primeur op dizze fideo: Krukpraatsjes Groeigraach: “Wat fine beukers eins sels fan (op)groeie?”

Neist de presintaasjes fan ús jeugdfoarstellingen seizoen 2024-2025 wie der in ynspirearjende keynote fan Nadieh Graumans – Tigchelaar, docerend theatermaker: “Hoe laat je kinderen en jongeren een open, inhoudelijk gesprek voeren naar aanleiding van de theatervoorstelling die ze net gezien hebben? Leerkrachten vinden het vaak een uitdaging om open gesprekken te voeren en esthetische ervaringen in de klas te bespreken. Het idee dat ze zelf niet genoeg weten over theater zit vaak in de weg. Nadieh wist ons te inspireren dat iedere docent een waardevol en open gesprek kan voeren met de klas over wat ze gezien hebben.”

Nadieh Graumans-Tigchelaar publisearre har ûndersyk“Er liepen mieren in mijn buik” by it Lectoraat Kunsteducatie. Nei oanlieding fan dit ûndersyk ûntwurp Nadieh in nije praatmetoade, dy’t gearstald waard út de krêftichste eleminten fan de Metoade fan Barrett en it Sokratysk petear. By dit ûntwerpûndersyk waard empirysk ûndersocht oft de nije technyk geskikt is om yn groepsferbân mei bern te praten oer ferbylding, ferbining, emoasje en wrâldbyld nei oanlieding fan in foarstelling.


Doel fan it ûndersyk is it ûntwikkeljen fan in krêftige, leechdrompelige praatmetoade dy’t groepslearkrêften séls maklik ynsette kinne om learlingen n.o.f. de besite oan reseptive keunst út te daagjen op in mear persoanlik nivo oer har ûnderfining te praten.

  • Nei oanlieding fan de keynote fan Nadieh Graumans – Tigchelaar:

“Elke leerkracht zou dit moeten weten.”

“Ik heb zin om dit direct in de praktijk toe te passen.

  • Op it organisearjen fan de mienskiplike presintaasjedei:

“Wat goed dat jullie als drie noordelijke gezelschappen deze samenwerking aangaan.”

“Iedereen zou moeten zien wat voor mooie voorstellingen er in het Noorden worden gemaakt.”

Hast de presintaasjedei mist of bist gewoan benijd nei ús oanbod? Klik dan hjir foar it presintaasjeboekje fan de Presintaasjedei PU seizoen 2024-2025 fan Tryater, Het Houten Huis en Peergroup.

Nijs

Foto met actrice Nynke Heeg in de voorstelling Foekje 19 01 2026

Tagonklike tongersdei

Tryater presintearret op tongersdei 22 jannewaris de resultaten dy’t de pilot tagonklikens yn 2023-2025 foar in teäterbesite troch ûnder mear minsken dy’t min sjogge of hearre opsmiten hat.

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado