Foarûndersyk jeugdfoarstelling Groeigraach (4+)
28 06 2023Op basisskoalle It Tredde Sté yn Jirnsum gienen we yn petear mei de bern fan groep 1, 2 en 3. Sadree’t we in nije foarstelling meitsje, gean we op ûndersyk út. Altyd in moaie faze en fier foardat de foarstelling makke wurdt. Yn de kunde komme mei de doelgroep en hearre hoe’t se tinke oer it tema.
Yn Jirnsum stelle we de fraach: Wat liket dy leuk oan grut wêze? “Dat ik allinne ús boat bestjoere mei”, antwurdet in jonkje fuort. Hy wurdt der hielendal bliid fan. “Dat ik sels nei de boarterstún rinne mei”, betinkt syn klasgenoatsje. En wat meie grutte minsken net en kinne jim krekt hiel goed? “Dan kinst noch plysje wurde en o ja, jim kinne ek de back-flip net.”
Teätermakker Hali Neto genietet fan de moaie útspraken fan de bern, in boarne fan ynspiraasje foar de nije 4+ foarstelling Groeigraach dy’t er kommend jier by Tryater meitsje sil.
> Lês mear oer dizze foarstelling.