Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Keningshûs belibbet preview Tryater-foarstelling Sâlt

06 04 2023

Op tiisdei 9 maaie kriget it Keninklik Pear op Skylge in eksklusyf foarpriuwke fan de foarstelling Sâlt, dy’t Tryater fan ‘t simmer op Oerol bringt.

It Pear docht Skylge oan yn in toernee by de Waadeilannen del. Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima wurde yn wiidweidich programma ynformearre oer de wichtichste ûnderwerpen. Fansels is it Skylger Oerol ûnderdiel fan ‘e besite: op útnûging treedt Tryater op. It Keningshûs kriget in preview fan Sâlt, de foarstelling dy’t fan 9 oant en mei 18 juny op it festival te sjen wêze sil.

Sâlt is in persoanlike solofoarstelling van teätermakker Eva Meijering. Begelaat troch muzikante Michelle Samba bringt sy it stik sels op de planken. De reguliere kaartferkeap foar Sâlt begjint nei dizze preview: fan 16 maaie ôf binne de tickets te ferkijen fia Oerol. Ynkoarten wurdt mear bekendmakke oer de foarstelling.

~Foto: Saris & den Engelsman

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado