De Prutsers nûgje dy út foar in noflik jûntsje iten
Lit ús tegearre by de tafel sitte. Gjin diskusje, gjin yngewikkelde ûnderwerpen. Gewoan mei-inoar ite. Utwikselje hoe ‘t it iten smakket. Drinken helje foar dyn tafelgenoaten. Sille we it oer it waar ha. Dat it lang lyn is dat wy in wite krysttiid hiene. En wol snie yn maart. Tsja, klimaatferoaring. Hieltyd mear fielber. Betinksels fan de media, seit dyn tafelgenoat wylst dy it troch dy helle drankje opdrinkt. Media? Hearst fan in oare tafel. Wa hat noch tiid om media te folgjen? Ik ha gjin ynteresse mear yn it nijs! Lit ús gewoan mei-inoar ite. Genietsje fan it byinoarwêzen, fan it mienskipsgefoel dat somtiden sa fier fuort liket. Wat. Is ALLES fegetarysk?! Moat ik it ûntjilde, om’t alle Sinezen noch hieltyd koalen stoke? En mei miljarden ús molke opdrinke, komt in byfal fan in oare tafel. En wy hjir mar boeren narje, mompelet dyn tafelgenoat, wylst dy boeren de kassa rinkelje litte. Myn Oekraynse buorlju, aardige minsken hear, ite alle dagen fleis, hearst flústerjend fan in tafel fierderop. Moatst neigean, 40 miljoen minsken dy ‘t alle dagen fleis ite. De Russen ek, nóch 140 miljoen fleisiters. En dan wolle wy mei ús kikkertlantsje wat feroarje? Je hearre in pear minsken laitsjen, want tsja, de Russen en Oekraïners nimme as snie foar de sinne yn oantallen ôf. Sille wy mei-inoar ite? Wol ien begjinne? Wa seit ‘lekker ite’?
Te sjen op: 7, 8, 14, 15, 20, 21, 22 april
Oanfang: 18.30 oere
Lokaasje: De DOAS | Restaurant d’Ambacht | Cornelis Trooststraat 48, 8932 BR Ljouwert
Tagongsprizen
* Student/Kleine beurs: € 12,50
* Standaard ticket: € 17,50
* Steun de Prutsers ticket: € 25,-
N.B. De tagongspriis is ynklusyf fegetaryske deihap (eksklusyf drankjes)
It iten wurdt makke troch restaurant d’Ambacht dat wurkûnderfiningsplakken biedt foar minsken mei in helpfraach. Op it menu stiet in fegetaryske lasagne. Allergieën kinst trochjaan oan de.prutsers@hotmail.com
Foar Wol de echte Mozes/held/…(m/f/x) no opstean? stipet Tryater De Prutsers yn de útfier fan de foarstelling. Tryater fersterket it teaterklimaat yn Fryslân, troch nije teatermakkers de mooglikheid te bieden kwalitatyf heechweardige foarstellingen te meitsjen. Tryater stipet har mei ekspertize, romte en materiaal. De nije teatermakkers binne foar Tryater in ynspirearjende krêft binnen it selskip.