Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Wethâlder Hein Kuiken ûntbleatet de earste Ljouwerter literêre bank

30 06 2022

Op tongersdei 30 juny om 16.00 oere (ynrin om 15.45 oere) ûntbleatet wethâlder Hein Kuiken de earste literêre bank fan Ljouwert op it gersfjildsje by de Grutte of Jacobijnertsjerke. De literêre bank is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert. Dichter Sytse Jansma is troch Ljouwert UNESCO City of Literature frege om as kurator de earste literêre bank ynhâld te jaan. Hy frege keunstner en meubelmakker Ineke van der Blom om de bank te ûntwerpen en te meitsjen.

Sytse Jansma hat literatuerprojekt Sprekende stenen keppele oan de literêre bank. Dit projekt is ûnderdiel fan Over de drempel, it programma fan de gemeente Ljouwert wêryn’t kultuermakkers en maatskiplike inisjativen gearwurkje om iensumens tsjin te gean. De literêre bank, mei dêrop in gedicht fan Jansma, spilet yn Sprekende stenen in sintrale rol. De bank is fia in online kaart ferbûn mei acht gevelstiennen yn it sintrum fan Ljouwert. Dy hawwe de foarm fan in gesicht en binne ek makke troch Ineke van der Blom. Troch de QR-koade op sa’n sprekkende stien te scannen, is in ferhaal oer iensumens te hearen. Nei ôfrin fan de rûte wurdt de harker frege om nei de bank te gean en oare minsken te moetsjen. Hein Kuiken: “No’t Ljouwert sûnt 2019 de titel City of Literature hat, wolle wy de literatuer noch mear sjen litte yn de stêd. Dat dizze literêre bank ek in moetingsbank is dy’t ûnderdiel is fan in literêre rûte oer iensumens, is dûbeld moai.”

Sytse wurke gear mei fjouwer oare skriuwers: Gemale Bofunda, Remco Kuiper, Nicole van den Berg en Raymond Muller. Sy binne yn petear gien mei minsken dy’t te krijen hawwe mei iensumens. Ut dizze petearen binne de acht ferhalen makke. Sytse Jansma: “Literatuer kin iensumens sintúchlik meitsje en dus taastber. Mei dit projekt wol ik minsken bewust meitsje fan it tema en de drompel om der oer te praten leger meitsje. Elkenien belibbet op in stuit yn it libben iensumens, om’t iensumens diel útmakket fan de minske, it minske wêzen,. Dêrom bin ik bliid dat de bank en de stiennen in plak yn it sintrum fan Ljouwert krigen hawwe, tusken alle minsken.”

Keunstner en meubelmakker Ineke van der Blom: “Ik fertel mei myn wurk graach in ferhaal, as in foarm fan poëzy. Yn dit projekt is dat noch sterker wurden troch de gearwurking mei Sytse. Nei ús earste moeting binne wy ​​beide oan it wurk gien en ús ideeën blieken moai oerien te kommen. Wurden of materialen binne de taal om wat út te drukken, mar it giet der om dat de siel oanrekke wurdt.”

Ek yn oare gemeenten yn de provinsje Fryslân wol Ljouwert City of Literature de kommende jierren literêre banken ûntwikkelje.

~Foto: Sytse Jansma

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado