Yn de LC: 'As Fryslân oait fergiet, dan graach sa'
16 05 2022Tante Hylkje wieas famke allinne lokkich as der iis lei. Foar Jasper, de foarsitter fan de iisferiening, is de iisbaan it moaiste plak fan ’e wrâld. En foar de ferstoarne heit fan boerin Afke wie in dei mei iis ‘in perfekte dei’.
Sa wichtich is de iisbaan foar de doarpsbewenners yn Under Wetter fan Tryater. Gjin niget dus dat it hiele doarp yn opskuor rekket as Afke, om it fuortbestean fan har buorkerij feilich te stellen, it stik grûn dêr’t winterdeis de iisbaan leit
beskikber stelt foar huzebou. In moai útgongspunt foar in minsklik ferhaal oer de doarpskultuer yn Fryslân en oer hoe’t dy rûnom ûnder druk stiet. Mar dêr hawwe de betinker en de skriuwer fan it stik – Tatjana Pratley en Wessel de Vries – it net by litten. Bepaald net. Der is hast gjin probleem dêr’t Fryslân en de wrâld op’t heden mei wrakselje dat net behannele wurdt yn Under Wetter…
“It is in prachtige ferbylding fan it wrydske fan it plattelân en de ferbûnens dy’t de minsken dêr mei-inoar fiele.” ****
…It stik sit – as wie it in klucht – fol mei manlju en froulju dy’t wol of net wat mei elkoar krije. De ferhâlding dy’t it meast yn it each springt is dy tusken grûnbesitter Afke en boekhâlder Dennis. It is krekt of binne dy twa rjochtstreeks út It Kersehôf fan Anton Tsjechov yn Under Wetter fan Wessel de Vries stapt…
…De ferstoarne heit fan Afke hâldt út dat gjin minske yn de takomst sjen kin en dat it noch mar ôfwachtsjen is wêr’t de opwaarming fan de ierde ta liedt. Under Wetter einiget mei de ferbylding fan ien de fan slimste senario’s. It is in alderivichst moai byld. As Fryslân oait fergiet, dan graach sa…
~ Tekst: Sietse de Vries LC
~ Foto: Anna van Kooij
» Hiele resinsje lêze? Klik dan hjir.