Nederlandse vertaling programma
English translation program
Tatiana Pratley – De aanleiding
Personages / spelers
Eerste deel: De iisbaan
Wessel de Vries – Het vooronderzoek
Tweede deel: It feest
Sytze Pruiksma – De muziek
Derde deel: Wiete fuotten
Johan Greben – De dans
Vierde deel: De Jierfergadering
Over Arcadia en IIS
Over Oerol
Epiloog: Under Wetter
“Yn oanrin nei de foarstelling dielden in soad minsken waarme oantinkens oan de iisbaan. Se neamden it in plak fan ferbining, elkenien is gelyk. Se kamen mei anekdoates oer wille, freonskip, leafde. Ien neamde natueriis it feest fan de natuer. Dat rekke my.”
De oanlieding
Doe’t ik trije jier lyn by de iisbaan fan myn doarp rûn, frege ik my ôf wat de takomst fan dat plak wêze soe. Hoe faak soe der noch iis lizze? Yn Fryslân hat hast elk doarp in iisbaan, faak op in prachtich en sintraal plak. De iisbanen wurde it hiele jier troch ûnderhâlden: lotten wurde ferkocht, it gers wurdt meand en alle winters wurdt de baan ûnder wetter set. Hoopjend op froast. Mar kâlde winters wurde hieltyd seldsumer.
Yn oanrin nei de foarstelling dielden in soad minsken waarme oantinkens oan de iisbaan. Se neamden it in plak fan ferbining, elkenien is gelyk. Se kamen mei anekdoates oer wille, freonskip, leafde. Ien neamde natueriis it feest fan de natuer. Dat rekke my. In feest dat we generaasjes lang fiere mochten. Mar de generaasjes nei ús, sille dy it noch meimeitsje? En as de natuer net sa faak mear feest fiert, wat docht dat mei ús?
Yn Under Wetter stiet sintraal hoe’t we omgean mei it feroarjen fan tradysjes. Ik wol sjen en fiele litte wat de iisbaan betsjut foar ferskillende generaasjes. Hoe sterk oftst ferbûn wêze kinst mei in plak en wat der bart as we twongen wurde ûnder eagen te sjen dat de takomst op dat plak ûnwis wurdt.
By it ta stân kommen fan Under Wetter krige de tematyk hieltyd mear urginsje. Krige ik trije jier lyn noch faak te hearren: ‘sa hurd sil it wol net gean’, sûnt it útkommen fan it klimaatrapport is foar Friezen net allinne de takomst fan it natueriis ûnwis. It is sels reëel dat troch de opwaarming fan de ierde en heger wurdende seespegel ús provinsje op termyn ûnderstrûpe sil. In driigjend takomstperspektyf.
As teatermakker fiel ik my útdage om de grutte fraachstikken dy’t ferbûn binne oan de takomst fan de iisbaan werom te bringen ta werkenbere en minsklike ferhâldingen. Om se in hert en stim te jaan. Under Wetter bringt minsken wer by elkoar op de iisbaan: in plak dat ús desennialang sterk ferbûn.
Tatiana Pratley
Personages / spelers
DE STAMBEAM
Hendrik Kingma Sr – Joop Wittermans
Afke har stoarne heit, âld-foarsitter fan de iisklup, spûket noch altyd op de iisbaan om
Afke Kingma – Tamara Schoppert
boerinne en eigener fan de grûn dêr’t de iisbaan leit
Hylkje Kingma – Gonny Gaakeer
Afke har suster, wennet al jierren yn it bûtenlân
Hendrik Kingma Jr – Mattheüs Douwes
Afke har soan, sil op termyn de buorkerij oernimme
Benthe Kingma – Lieke Venema
de dochter fan Afke, noch net dwaande mei de takomst
Sara Nadeem – Ayisha Siddiqi
de freondinne fan Hendrik Jr, sil nei de simmer Future Planet Studies studearje
Dennis Hazebos – Rogier in ‘t Hout
Afke har finansjeel adviseur, hat in plan om de iisbaan te ferkeapjen
Jasper van der Meer – Lourens van den Akker
nije foarsitter fan de iisklup, wol dat alles by it âlde bliuwt
SPILERS
Ayisha Siddiqi
Studearre ôf oan de Toneelacademie yn Maastricht en spile by û.o. Toneelgroep Oostpool, Het Nationale Theater en DOX.
Gonny Gaakeer
Spile û.o. yn de films All Stars en Nynke en by Het Nationale Toneel, Noord Nederlands Toneel en ZT Hollandia. Siet by Tryater yn De Trije Susters (2007) en de Alvestêdetocht (2008).
Joop Wittermans
Spile yn telefyzjesearjes en films en by selskippen as NNT, Suver Nuver, Peergroup en Pier21. Wie by Tryater û.o. te sjen yn Karlsson fan it dak en Trouwerijen en rjochtsaken ensf.
Lieke Venema
Spile jierren by Meeuw Jeugdtheaterschool, û.o. yn Hjir Ha Ik West (koproduksje mei Tryater, 2019) en Olympia Palace (2021).
Lourens van den Akker
Spile by Tryater û.o. yn Part-time Paradise, Karlsson fan it dak en Jonges. As mei-oprjochter fan kollektyf Akkers en Velden kreëarret en produsearret er ek eigen foarstellingen.
Mattheüs Douwes
Die de oplieding Artiest Theater yn Ljouwert en siet twa jier by Jong Tryater. Spile mei yn Wereldburgers van de Voorstreek en Nacht.
Rogier in ‘t Hout
Wie in skoft fêste spiler by it Ro Theater en it Noord Nederlands Toneel. Siet yn tal fan telefyzjesearjes en spilet en skriuwt al 25 jier foar telefzyjeprogramma Het Klokhuis.
Tamara Schoppert
Spilet al jierren foar Tryater, û.o. yn Hamlet, Pak ‘m Stanzi en Ronja de Rôversdochter. Se is ek teatermakker en regissearre by Tryater û.m. Fabelkracht (2012) en Karawane (2018).
Simmer 2022 – Earste diel: De iisbaan
Hylkje is werom yn it doarp, it feest wurdt taret, Afke hat noed oer de finansjele problemen fan de buorkerij.
“Op dizze iisbaan leit ús hiele libben” Afke Kingma (Tamara Schoppert)
Wessel de Vries – It foarûndersyk
Ynspiraasje út de wrâld fan no
Foar it skriuwen fan de tekst fan Under Wetter die toanielskriuwer Wessel de Vries ynspiraasje op troch moetingen mei iisklup-bestjoerders, fanatike reedriders, klimaatwittenskippers en oerstreamings-eksperts. Hy fertelt oer fjouwer moetingen dy‘t him ynspirearren.
8 maaie 2021 / Pier Vellinga:
“Middenyn koroana, dus in online petear mei klimaatwittenskipper Pier Vellinga út Nijlân. Vellinga wie foarsitter fan stichting Urgenda en wie ien fan de earste wittenskippers yn Nederlân dy’t (al yn de jierren tachtich) warskôge foar de gefolgen fan klimaatferoaring. Vellinga fertelt dat er – berne yn Fryslân – in fanatyk rider is. It falt op dat Vellinga optimistysk is oer de takomst en yn oplossingen tinke wol. Ja, klimaatferoaring is in probleem – mar it is wol in probleem dêr’t we mei ús allen wat oan dwaan kinne. Fan de klimaatkrisis kinne we ek in soad leare. Vellinga tinkt dat we statistysk sjoen wis noch in Alvestedêtocht krije sille en foar de iisbanen yn Fryslân hat er in plan: wêrom soenen we gjin sinnepanielen op de iisbanen lizze dy’t we yn ’e winter fuorthelje kinne? Mei de stroom út dy sinnepanielen kin dan winters in keunstiisbaan fan stroom foarsjoen wurde! It entûsjasme fan Vellinga is oansteklik en syn sinnepanieleplan sil yn de foarstelling weromkomme by it personaazje fan Hylkje.”
10 maaie 2021 / Jan van Zalinge:
“It reint de hiele dei en ik rin fan stasjon Dronryp oer de dyk nei it doarp (dat is noch in hiel ein). It is efkes sykjen nei de iisbaan, mar al gau sjoch ik de karakteristike lantearnepeallen. Foar it klupgebou stiet Jan van Zalinge, foarsitter fan it bestjoer fan de iisklup yn Dronryp, al klear. As we drûch yn it klupgebou sitte, begjint er te fertellen: Dronryp hie ôfrûne winter it moaiste iis fan Fryslân, om’t se de dei foardat it begûn te friezen (mei alle masines dy’t se mar fine koenen) de iisbaan leechpompt – en doe op ’e nij ûnder wetter set hienen. Jan en de oare bestjoersleden ha dúdlik passy foar de iisklup. It binne allegearre boeren. Neffens Jan is reedride in echte boeresport en wurde guon iisbanen yn Fryslân troch boeren ûnderhâlden. De measte iisbanen lizze ek nochris op boerelân. Ik hie noait stilstien by de bân tusken iis en boeren, mar fyn it nijsgjirrich en sa ûntstiet it idee om it ferhaal fan de iisbaan oan it ferhaal fan in boerefamylje te keppeljen. Klimaatferoaring is op dit stuit ommers net allinnich foar iisklups, mar ek foar boeren in wichtich tema!”
22 maaie / Johannes de Vries:
“Op besite by Johannes de Vries yn Grou, foarsitter fan it bûn fan de iisklups. We ha beide de koarte broek oan, it is smoarhyt. Prachtich om te sjen hoe’t De Vries ek middenyn de simmer drok dwaande is mei syn grutte passy: natueriis. Yn ús petear wurdt er meardere kearen belle oer saken dy’t te krijen ha mei natueriis. It giet nammentlik it hiele jier troch! Ynspirearjend fyn ik it, hoe’t De Vries him net út it fjild slaan lit troch winters dy’t miskien waarmer wurde. We moatte trochgean! Dy mentaliteit kin ik moai brûke foar it personaazje fan Jasper (de nije iisklup-foarsitter) en Hendrik Kingma Sr (dy’t oait iisklup-foarsitter wie).
8 septimber / Karel Veeneman
“Ek in waarme dei. Mei Tatiana en Karel (fan Wetterskip Fryslân) sitte we op it terras fan Tryater. We prate oer de takomst fan Fryslân. Karel is realistysk, en ik fyn it in alarmearjend ferhaal. Hy fertelt oer wat der barre sil as it wetter echt te heech wurdt. Foar ekonomysk wichtige gebieten as de Rânestêd wol de oerheid miskien noch wol jild betelje foar de ferheging fan diken. Mar as Fryslân (troch it sâlter wurden fan lânbougrûn) it grutste part fan syn ekonomyske wearde ferliest, is it goed mooglik dat besletten wurde sil om Fryslân oerstreame te litten. It Noarden fan Fryslân wurdt dan ûnbewenber. Ik fyn it in nijsgjirrich, mar ek soarchlik ferhaal. It komt tichtby. Dat we dizze ynformaasje brûke moatte, dêr bin ik wis fan, en sa begjinne we nei te tinken oer de epilooch.”
“It falt op dat Vellinga optimistysk is oer de takomst”
“Neffens Jan is reedride in echte boeresport”
Wessel de Vries wurket sûnt syn ôfstudearjen oan de oplieding Writing for Performance (HKU, 2017) geregeld as skriuwer foar Tryater. Hy skreau û.o. it script foar de famyljefoarstelling Karlsson fan it dak en de Oerolhit Part- Time Paradise (ko-produksje mei Skoft&Skiep). Yn 2021 skreau Wessel de aventoerlike lokaasjefoarstelling Nacht. Neist syn wurk by Tryater wurket Wessel as skriuwer foar û.o. Meeuw Jonge Theatermakers, Theater Sonnevanck en Videoland.
Simmer 2022 – Twadde diel: It feest
Het is feeIt is feest op de iisbaan, der wurdt neitocht oer de takomst, Afke tinkt deroer om de iisbaangrûn te ferkeapjen.
“Ik tocht altyd: as ik achttjin bin, dan begryp ik hoe’t it sit…” Hendrik Kingma Jr (Mattheüs Douwes)
Sytze Pruiksma – De muzyk
“Heardest hjir tweintich jier lyn de guozzen… dan kaam de winter. Mar dy guozzen binne der no al yn ’e simmer. Se bliuwe”
De toan fan de foarstelling
Dat komponist/slachwurker Sytze Pruiksma de muzyk skreaun hat foar Under Wetter soe eins hielendal net. “Tatiana hie my frege oft ik in pear kear meisjen woe mei it skript. Ik bin al jierren mei de tematyk klimaatferoaring dwaande. As ien fan de inisjatyfnimmers fan Kening fan ’e Greide en ek mei Plant fansels, de plaat en it projekt fan Nynke (Laverman, red.) en my”, fertelt Sytze. “Yn de simmer fan 2021 ha ik meilêzen en hawwe we by inoar sitten. Nei de tredde kear frege Tatiana my: ‘wat hearsto eins asto dit sa lêst?’ Doe sei ik: blazers! Net in fanfare, mar wol tromboanes. Dy kinne sa moai glydzje en tagelyk in alarmlûd meitsje. Ik fertelde ek dat ik al jierren in hiele goeie trombonist koe: Brandt Attema. Doe kaam hiel natuerlik de fraach oft ik dan wol wat komponearje woe.”
Kleur en tsjinkleur jaan
Fan de tolve trombonisten dy’t Sytze yn earste ynstânsje yn ’e holle hie, binne it seis wurden. Al in hiel soad en mei in machtich lûd. Brandt, berne yn Fryslân, wie al fuortendaliks entûsjast. Hy dielt syn rol as bandlieder mei in oare topper op tromboanemêd: Sebastiaan Kemner. Sytze: “Mei de tromboanes kinne we alle sênes kleur en tsjinkleur jaan. Oan de start ha ik wol sa’n 25 ‘filmyske’ stikken skreaun foar seis tromboanes. Der ûntstie in leitmotiv en in tal spilers krige in eigen kleur of tema. As dy opkomme, begjint harren muzyk wer.” De tromboanes bepale letterlik en figuerlik mei de toan fan de foarstelling, mar Sytze miste ek wat: “Tromboanes kinne net superheech of leech. Dêrom betocht ik it harmoanium derby. Ik oppere: Joop moat dat eins bespylje en dan leafst wylst er yn in belslide sit. En dat waard ek noch útfierd! Te gek fyn ik dat.” It wie ek Sytze syn idee om by it feest in drummer yn te setten. “De drums ha je nedich by in wier feest. Ik sei: it soe moai wêze as dy drummer dan op it dak fan it iisgebouke stiet. En ek dat is sa kommen!”
De krêft fan it kollektyf
It ta stân kommen fan de foarstelling is dúdlik it resultaat fan in yntinsive gearwurking. “Elkenien docht wat. Oft it no it spyljen, it ljocht, de dûns of it lûd is. Litte je de muzyk wei dan soest it misse, mar dat jildt ek foar de oare aspekten.” Under Wetter is dus it gehiel fan in soad ûnderdielen en tagelyk lit it in hiel soad perspektiven sjen. “De personaazjes binne hiel ferskillend. Kwa eftergrûn, miening oer it no en fyzje op de takomst. Dat is hiel werkenber, want dat is yn it echt ek sa. Mar dat makket de minske ek kwetsber. Je moatte in kollektyf wurde. Sjoch mar nei fûgels: in kloft protters is sterk!” Ek de musisy binne in machtich moai team: “Se fine it geweldich om mei-inoar te wurkjen. En al hielendal mei in professional derby. Sa’n man as Brandt kin minsken yn fiif minuten noch better meitsje.”
Fan de 25 oarspronklike komposysjes binne sa’n fjirtjin oer. De seleksje en de eksakte foarm binne wurkjendewei ta stân kommen: “Alle middeis ha ik by de repetysjes west en de oare moarn wurke ik dan wer dingen út. As de foarstelling klear is, is alles by inoar kommen. Dan fertelle we mei de kombinaasje fan it spul, de dûns, de technyk en de muzyk in ferhaal. Ik hoopje dat it ús slagget om dermei de minsken te reitsjen.”
“De tromboanes bepale letterlik en figuerlik mei de toan fan de foarstelling”
“Dan fertelle we mei de kombinaasje fan it spul, de dûns, de technyk en de muzyk in ferhaal. Ik hoopje dat it ús slagget om dermei de minsken te reitsjen.”
Sytze Pruiksma is slachwurker, komponist en fûgelleafhawwer. Syn eigensinnige spylstyl ûnderskiedt him troch grutte oandacht foar klankkleur, ynspirearre op lânskippen, natuer en fûgels. Nei it konservatoarium wurke er mei oan tal fan teaterproduksjes fan û.o. Tryater, Peergroup, Via Berlin en Orkater. Sûnt 2003 wurket er as producer en muzikant gear mei sjongeres Nynke Laverman. Yn 2018 gie Conference of the Birds yn premjêre, in grutte lokaasjefoarstelling yn it ramt fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.
Jannewaris 2023 – Tredde diel: Wiete fuotten
In soarchlik klimaatrapport ferskynt, de jiergearkomste fan de iisklup wurdt taret, Afke tekenet in kontrakt om de iisbaangrûn te ferkeapjen.
“Do doarst net nei de takomst te sjen, Jasper. Mar foardatst it yn de gaten hast- Sitst der middenyn” Dennis Hazebos (Rogier in ’t Hout)
Johan Greben – De dûns
EEN EKSTRA LAACH
Ivgi&Greben, sûnt 2021 it fêste dûnsselskip fan Ljouwert, makket ekspressive, rauwe dûnsfoarstellingen fan ynternasjonaal nivo. De Israelyske Uri Ivgi en yn Ljouwert berne Johan Greben fertale maatskiplike tema’s nei minsklike bylden dy’t dy reitsje. De twa dûnsmakkers en libbenspartners nimme de goreografyen foar ‘Under Wetter’ foar har rekken.
Johan Greben: “Uri en ik ha hast tweintich jier oer de wrâld swalke en mei ynternasjonale selskippen wurke. In grut aventoer, mar ek hieltyd in proses fan loslitte. Meastentiids wienen we sa’n seis oant acht wiken yntinsyf mei in groep dûnsers dwaande om in wurk yn te studearjen. Boust in profesjonele en faak ek persoanlike bân mei se op, oant it stik klear is. Dan stapst op it fleantúch en is it ynienen foarby. Op in stuit fielden we dat we wat oars woenen en begûnen we nei te tinken oer de takomst. Yn 2018 ha we We Are In Trouble makke foar Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. Echt hiel moai, werom yn myn bertestêd. Dy produksje wie foar ús de trigger om te ûndersykjen oft yn Fryslân draachflak wie foar in fêst dûnsselskip. En dat wie der!”
Nije mooglikheden
“It jout ús tal fan nije mooglikheden. It noflike fan in selskip mei in fêste groep dûnsers is dat je mei elkoar wat op- en útbouwe. De dûnsers leare dyn styl, dyn hânskrift kennen en kinne op dy wize harsels ek fierder ûntwikkelje. It meitsjen fan wurk is sa’n 50% fan watst dochst as goreograaf, mar it trochûntwikkeljen fan dyn oeuvre is de oare 50%. Nei in foarstelling krijst feedback. Fan elkoar, fan kritisy en fan it publyk en dy kinst weromjaan oan de dûnsers en meinimme yn it oanskerpjen fan dyn wurk. Dat koenen we net en it fielt as in enoarme mearwearde. Boppedat hâlde we op dizze wize ús materiaal ticht by ús. Dat fielt hiel oars as in wurk ôf te leverjen en wer fierder te lûken.”
“Dat we no mei in teaterselskip wurkje, is foar ús in hiele nije stap, dat ha we noch noait dien. Doe’t we ús yn Ljouwert fêstigje soenen, binne we fansels mei in hiel soad selskippen en ynstellingen yn de kunde kaam, ek mei de winsk om mei oare dissiplines gear te wurkjen. We hienen Tryater noch net moete, doe’t se ús al bellen: ‘we meitsje in lokaasjefoarstelling en dêr wolle we dûns by, sille we prate?’ It klikte fuort goed, de ideeën en de iepenheid fan regisseur Tatiana Pratley sprutsen ús bot oan. We binne fierder gien, ha it geweldige team moete, skriptlêzingen bywenne, in soad praat. Dizze produksje is al twa jier yn tarieding en we stappe healweis oan board. Dat is ek spannend foar ús: gewoanwei wienen we yn ús wurk fan it begjin ôf ‘in charge’ en belutsen by de muzykkar, it toanielbyld, alles. Dat is in nije wize fan wurkjen foar ús en jout in moaie dynamyk.”
Ekstra laach
“Tatiana hie guon sênes yn de holle dêr’t se dûns by woe. Mar it is fansels net in toanielstik mei sa no en dan in dûnske. In goreografy jout in ekstra laach oan in foarstelling. Hoe ferhâlde we ús ta de lokaasje, hoe meitsje we de konneksje mei de ierde, de grûn en hoe fertale we dat nei dûns. It is hiel spannend en leuk en we hawwe der in soad nocht oan!”
“A tánc számomra egy folytonos kihívás, egy lehetőség és eszköz, mellyel mélyebben, tudatosabban megismerhetem magamat és a testemet. Itt tudok leginkább fejlődni, álarcok nélkül létezni és itt találkozhatok a legtisztábban önmagammal.”
Dûns is hieltyd in útdaging, in prachtige kâns en in oar soarte fan helpmiddel dêr’t ik mysels en myn lichem op ferskillende nivo’s better mei kennen leare kin. Wannear’t ik dûnsje, kin ik my it measte ûntwikkelje, kin ik mysels wêze sûnder maskers en kin ik mysels it bêste moetsje.
Bettina Jurák, dûnseres ut Hongarije by Ivgi&Greben
Uri Ivgi (links) en Johan Greben binne nei in nomadysk, ynternasjonaal bestean as dûnsmakkers delstrutsen yn Ljouwert. Ivgi&Greben is it nije dûnsselskip fan de stêd en makket de goreografy foar Under Wetter. De seis dûnsers út it selskip sitte allegear yn de foarstelling.
Jannnewaris 2023 – Fjirde diel: De Jierfergadering
Op de jierfergadering ûntstiet spul oer de takomst fan de iisbaan, der wurdt oranjekoeke iten, net ien wit hoe no fierder.
“Ik ben er gewoon n“Ik bin der gewoan noch net oan ta om ôfskie te nimmen” Jasper van der Meer (Lourens van den Akker)
Oer Arcadia en IIS
PARTNERS
Arcadia
“Is de Fryske iiskultuer in ranende tradysje of bliuwe de Fryske iisbanen in waarm klopjend hert fan it Fryske doarpslibben? De wrâld feroaret sterk en dus ek it doarp en de wyk. Wat betsjutte dy feroaringen foar de mienskip en hoe hâlde we dêrbinnen it ferienings-, doarps- en wyklibben aktyf? By Under Wetter wurde dizze fragen op yngeande wize ynfielend makke. Tagelyk mei Under Wetter start it grutte mienskipsprojekt IIS fan Arcadia. We binne hiel grutsk op dizze moaie gearwurking en klapje hurd foar Tryater, Ivgi&Greben, Wergea en alle makkers fan Under Wetter!”
Sjoerd Bootsma, artistyk direkteur Arcadia
IIS
Ferbinende mienskipsprojekten yn hiel Fryslân
IIS is it mienskipsprojekt fan Arcadia. Neist Under Wetter binne dat sa’n tritich projekten en it oantal nimt ta. Alle IIS-projekten binne makke troch en/of mei de mienskip, en dat fielst. It mei-elkoar ien wêzen, de ferbining en de Fryske taal en kultuer binne sichtber, hearber en fielber yn tal fan foarstellingen, ferhalen en multymediale hichtepunten. Belibje se, en kom yn hûndert dagen yn de kunde mei Fryske doarpen, stêden, wiken en iisferieningen.
IIS is belangryk foar de Friezen. Sadree’t it friest, komme de redens út it fet en giet jong en âld op it iis. Tal fan Fryske iisbanen binne dan ek in symboal fan ferbining. Mar tsjinwurdich ék in symboal fan krisis: de aarde waarmet op, it klimaat feroaret en de gesellige doarpske iisbanen wurde de lêste winters faker befolke troch skiep en boartsjende bern, as troch entûsjaste riders. Wat kinne we dêroan dwaan? Wat wolle we trochjaan oan de kommende generaasjes? Of: Hoe kinne we in goede foarâlder wêze? Dizze fragen stean sintraal by alle projekten fan IIS.
Der binne eksposysjes, foarstellingen en kulturele manifestaasjes. Besikers wurde traktearre op bysûndere moetingen en weardefolle petearen. Fryslân brûst, fan Bûtenpost oant Aldegea en fan Warkum oant Eastermar. IIS is in koproduksje fan Arcadia en Keunstwurk, mei Provinsje Fryslân, Prins Bernhard Cultuurfonds en Univé as haadpartners.
Tiid om wat nijs te ûntdekken
Arcadia barst hûndert simmerdagen lang út de foegen mei lokaal en ynternasjonaal moais by de fraach ‘Yn watfoar wrâld wolst wenje?’
Alle dagen kinst dy ûnderdompelje yn keunst en kultuer, sjoch foar it folsleine programma op www.arcadia.frl/iis
Oer Oerol
PARTNERS
Oerol
“Tryater hat in lange tradysje fan spyljen op Oerol. Underwilens alwer jierren lyn hat Tryater echt namme makke mei Peer Gynt en sûnt dy tiid is it selskip fêste gast. Ek foar Tatiana Pratley is it net har earste regy op Oerol. Wa’t Part-Time Paradise sjoen hat, sil dizze foarstelling net gau ferjitte. Hoe moai is it dan dat dizze earste grutte Tryater-lokaasjefoarstelling ûnder har ferantwurdlikheid ek op Oerol stiet. Yngenieus is it hoe’t Tatiana it klimaatfraachstik behannelet. Net troch te sizzen hoe min oft it giet of hoe’t we it allegear better dwaan moatte. Mar troch fragen te stellen oan de hân fan wat dat ús bynt. De iisbaan dy’t eartiids yn elke stêd en elk doarp foar in pear wiken yn de winter it sintrum fan de mienskip wie en no miskien foar altyd wol in leech fjild mei wetter bliuwt.”
Siart Smit, algemien direkteur Oerol
In tydlike ideale maatskippij op Skylge
Hiele generaasjes binne opgroeid mei Oerol en nimme har ûnderfiningen en aventoeren op it Waadeilân Skylge mei yn har libben. Foar elke yndividuele besiker betsjut Oerol wat oars. Wat foar elkenien lykwols gelyk is, is dat by it útfarren fan de haven fan Harns de ‘gewoane’ wrâld efkes plakmakket foar in tydlike ideale maatskippij dy’t de holle leech makket, de eagen iepenet en de aventoerlikheid oanfjurret. In wurkpleats foar in leefbere takomst dêr’t fan alles yn mooglik is, ast dy mar iepenstelst foar dat wat op dyn paad komt.
Mear Tryater by Oerol
By Oerol 2022 is fan Tryater net allinne Under Wetter te sjen, mar ek de ynstallaasje Snackgelok. By Snackgelok leist yn in libbensgrut patatbakje en harkest nei in muzikale kompilaasje fan audiofragminten dêr’t minsken fertelle oer har drift om te konsumearjen en it gelok dat se dêroan ûntliene. Snackgelok makket diel út fan It gelok fan Fryslân. Nei it langste geloksgedicht oait yn tsien doarpen yn 2021 zoome de teatermakkers Aukje Schaafsma en Karel Hermans no yn op it konsumearjen fan gelok.
Simmmer 2038 – Epiloog: Under Wetter
Friesland dreigt te oFryslân driget ûnder te strûpen, it doarp wurdt evakuearre.
“Ik hâld fan wat ik net ha, en mis wat der net is” Benthe Kingma (Lieke Venema)