Crowdfunding: jousto ús lift in setsje?
07 02 2022Wy dreame al 20 jier fan in lift. Mei in lift yn hûs meitsje we ús aktiviteiten tagonklik foar elkenien: de learling yn in rolstoel, in wat âldere Freon of in technikus dy’t mei swier spul nei boppen moat. De ferbouwingsplannen lizze klear, we hawwe sparre, mar we sykje stipe by it lêste stikje.
Helpsto mei om it Tryater-gebou noch leechdrompeliger en plezieriger te meitsjen foar meiwurkers en besikers? Donearje kin al fan 5 euro ôf en kin oant 13 maart.
Sjoch gau op https://tryater.creativefunding.nl/campagne/tryater-de-lift foar mear ynformaasje en ús tsjin prestaasjes.
Foto: Eduard Rekker