Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Pop-up restaurant Geert-Jan Vaartjes by Under Wetter

09 12 2021

Ljouwert, 9 desimber 2021 – Foar de maitiidsproduksje Under Wetter wurket Tryater yn Wergea gear mei sjef-kok Geert-Jan Vaartjes en poadium De Bidler. Vaartjes, ôfkomstich fan Wergea, is ien fan de manlju achter restaurant Oan Tafel en Grand Café JAN!. Foar de foarstelling dy’t spilet op de iisbaan, fersoarget er mei syn brigade yn De Bidler in Captain’s Dinner; in wintersk miel oan lange tafels.

Om’t Under Wetter bûten Oerol inkeld yn Wergea spilet, is it mooglik om in gearwurking oan te gean mei de pleatslike hoareka. Tatiana Pratley fan Tryater: “We kamen al gau by Geert-Jan út, dy’t in soad ûnderfining yn hûs hat en him flink manifestearret mei syn nije saken yn Wergea.” Geert-Jan Vaartjes: “Ik wie fuort entûsjast doe’t Tryater my frege. Net allinne is de kombinaasje kultuer en iten my bekend, troch de NNO-konserten by Lauswolt, ek krij ik altyd in soad enerzjy fan útdaagjende fragen.” Neist syn wurk by Lauswolt yn Beetstersweach wie Vaartjes ûnder oare sjef by De Librije yn Zwolle en de Bokkedoorns yn Overveen.

Foarôfgeand oan Under Wetter siedt Vaartjes in klassyk, wintersk miel mei in moderne, Easterske twist. It shared dinner wurdt optsjinne yn in pop-up restaurant yn poadium De Bidler, fêstige yn de tsjerke yn Wergea. Dêr is alle jûnen plak foar 150 gasten. It Captain’s Dinner past by it tema fan Under Wetter, dat in oade is oan tal fan iisbanen yn Fryslân. De lokaasjefoarstelling is as ûnderdiel fan programmaline ‘IIS’ fan kultuertriënnale Arcadia te sjen op de iisbaan fan Wergea fan 12 oant en mei 28 maaie en fan 28 juny oant en mei 9 july.

~ Foto: Lisa Snip

>> Klik hjir foar it reservearjen fan kaarten.

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado