Skriuwers oer dialogen tusken heit en soan
Njoggen taalleafhawwers, taalfirtuosen en skriuwers hawwe nei oanlieding fan de foarstelling Vader & zoon sels oan ‘e gong west mei dialogen tusken in heit en in soan. Se binne yn petear west mei regisseur Liesbeth Coltof en skriuwer Jan Veldman en hawwe dêrnei noch in skriuwworkshop hân by Tryater. Wêr hawwe in heit en in soan it meiinoar oer? Hoe prate se tsjin elkoar? Wat sizze se net, mar is wol oanwêzich? Dat binne fragen dêr’t se harren mei dwaande hâlden hawwe.
Yn in rige fan trije podcastopnames kinst dizze nijsgjirrige heit-soandialogen beharkje. Petearen oer âlder wurde, jierrenlange patroanen en elkoar los doarre litte.
- 20 desimber, ôflevering 1: Baukje Zijlstra, Tamara Feddema, Iris Dicke
- 22 desimber, ôflevering 2: Jannie Luchtenveld, Jeannette Boskma, Sytske Hoogterp
- 24 desimber, ôflevering 3: Berber Aardema, Rudi Stuve, Johannes Keekstra