Loading...
Edukaasje

MBO & HBO

Studinten fan teaterrelatearre mbo- en hbo-opliedingen komme in soad by Tryater oer de flier. Foar projekten, workshops en foarstellingsbesite. Mar ek kompleet oare opliedingen kinne by ús terjochte. Studinten leare troch foarstellingen (mooglik mei ynlieding of neipetear) sjen út it perspektyf fan har takomstige berop wei of út har rol yn de maatskippij wei. Ek foar in kreatyf projekt, in workshop of de iepening fan it stúdzjejier kinst by Tryater komme!

Foarstelling mei ferdjipping

In soad fan ús foarstellingen binne geskikt foar mbo- en hbo-studinten. Bygelyks om’t de tematyk fan de foarstelling past by de lesstof dy’t  behannele wurdt. Mar hoe dan ek: de besite oan in foarstelling is ferrykjend yn it ramt fan boargerskip, meartalichheid en/of kreativiteitsûntwikkeling. Oan de foarstellingen heakje we graach ekstra kontekst ta, bygelyks mei help fan in goede ynlieding of in ynteressant neipetear. Betelje mei de mbo-cultuurkaart is mooglik.

Flam
Ferline jier is de foarstelling Flam (14+) op in soad mbo’s goed ûntfongen. Yn it neipetear wie te hearren dat it in relevant tema is foar mbo-ers. De foarstelling kin goed ynsetten wurd by Burgerschap.

Mear helje út teater

Joust les oan de pabo of in oare sosjale oplieding? Besykje dan in jeugdfoarstelling mei dyn studinten en lit se neitinke oer hoe’t se letter har learlingen tariede soenen op teaterbesite. En wat se noch mear helje kinne út teater, bygelyks troch it te ferbinen oan in taalaktiviteit. Dêroer gean we graach mei dy en de studinten yn petear. 

Flam
skoallefoarstelling 14 + 20 Nov O/M 28 Feb’25

Flam

In oangripende klassefoarstelling oer leafde en freonskip, en alles dêr tuskenyn

Fêst workshop oanbod

Fluch regele: gun dyn studinten in momint fol spylwille en kreativiteit. Sjoch hjirboppe by ús oanbod, meitsje in kar en nim kontakt mei ús op. Hast fragen? Wy helpe om te kiezen. We hjitte dy alfêst fan herte wolkom yn ús gebou.

Teater, hoe wurket dat?

Teater, hoe wurket dat?

Yn ús teaterseal sleutelje learlingen sels in sêne yn inoar. Mei ljocht, lûd, dekôr, kostúm, regy en spul. Geskikt foar…

lês mear
In blik achter de skermen

In blik achter de skermen

Genietsje mei de studinten fan in boeiende rûnlieding achter de skermen fan Tryater. Rin troch de klaaikeamers, de kostúmsouder en de…

lês mear

Workshops op maat

Wolst mear dwaan mei teater? Teater ferbine oan oare fakken? Wolst dyn studinten ûnderdompelje litte yn de wrâld fan keunst en kultuer, mar hast dêr noch gjin konkreet plan foar? Wy tinke graach mei dy mei, der kin faak mear ast tinkst!

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado