Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Omrop Fryslân: "Tryater siket de grinzen op mei nije foarstelling 'Nacht'."

09 04 2021

“Wat hâldt minsken wekker yn dizze coronatiid? Dêr giet de nije foarstelling ‘Nacht‘ fan Tryater oer, dy’t dizze wike yn premjêre giet. Offisjeel meie der noch gjin foarstellings mei publyk holden wurde, mar dêr hat Tryater wat op betocht. Der komt ien akteur by de minsken thús, by de foardoar, foar in monolooch. Yn it foar krije minsken in koarte film te sjen mei tsien personaazjes. Ien fan de akteurs út de film komt dêrnei op besite, en wa’t dat is, is in ferrassing.”

“Ien fan de regisseurs is Sjoeke-Marije Wallendal. Se is bliid dat se trochset hawwe en in nij konsept betocht hawwe om dochs echt live wat te spyljen. “Der komt ien akteur fan ús op besite en dêrfoar hat in hiel online diel om alfêst yn de stimming te kommen. De ‘kers op de taart’ is dochs wol dat der echt live ien by de doar komt.”

Yntym
Mattheus Douwes is ien fan de akteurs en hy spilet de rol fan in pizzabesoarger. Hy fynt it in bysûndere foarstelling om oan mei te wurkjen. “It is hiel yntym, krijst echt kontakt mei de minsken.” Want hy spilet in rol, mar giet sa no en dan ek yn petear mei de minsken. It is bytiden bêst in útdaging om in goede balâns tusken de rol en in echt petear te finen. “Der komt in stikje rezjy by te sjen, want moatst wol liede wêr’t it hinne giet en moatst dysels net kwytreitsje yn de ynteraksjemominten.”

~ Ferslach Wendy Kennedy, Omrop Fryslân
~ Foto Lucas Kemper

>> Besjoch en harkje nei de items hjir.

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado