IT GELOK FAN FRYSLÂN - UPDATE
19 10 2020Nei oanlieding fan de lêste parsekonferinsje hat Tryater besletten om It gelok fan Fryslân yn Reduzum, Kollum en Winaam net troch gean te litten.
Hoewol’t It gelok coronaproof is en de oardel meter ôfstân tusken minsken garandearre wurde kin, hat it ‘ferbod op eveneminten’ ‘beheining fan kontaktmominten’ en ‘sa min mooglik reizgje’ de trochslach foar dit beslút jûn. Elkenien dy’t al in tagongskaart hie, krijt dêr berjocht oer.
Tryater fynt it tige spitich, mar we gean op syk nei de mooglikheid om It gelok fan Fryslân yn dizze trije doarpen troch te skowen nei de maitiid.