KICK-OFF 'IT GELOK FAN FRYSLÂN'
19 06 2020Juster is it fjouwerjierrich projekt It gelok fan Fryslân fan start gien. It gelok fan Fryslân is Tatiana Pratley har earste teaterprojekt as artistyk direkteur by Tryater.
Foar dizze earste edysje fan It gelok fan Fryslân meitsje we it grutste geloksgedicht ea, makke fan de antwurden dy’t minsken jouwe op de fraach wêr’t se gelokkich fan wurde. It geloksgedicht foarmet it útgongspunt foar de teatrale kuier dy’t ein augustus fan start giet. Rûnom yn Fryslân sille 10 geloksbrievenbussen pleatst wurde wêryn’t de antwurden sammele wurde.
>> Hâld ús webside yn ‘e gaten foar mear ynformaasje!