NEIKOMMEN BERJOCHT: Kamaloka op 13 en 14 maart giet ek net troch
13 03 2020Yn tsjinstelling ta wat der juster kommunisearre is, ha Tryater en Homsk fannemoarn besletten om de Sneak Previews fan KAMALOKA OP 13 EN 14 MAART NET troch gean te litten. It beslút fan juster waard nommen op basis fan de oankundige maatregels, mar hjoed is dúdlik wurden wat de ympakt is op ús allegearre. Hoewol’t der by de previews maksimaal 80 persoanen per jûn oanwêzich binne kinne wy net oars as beslute om beide jûnen ôf te laskjen.
Mooglik wurde dizze foarstellingen op in letter tiidstip ynhelle. De kaarten bliuwe jildich. It publyk dat kaarten kocht hat kriget dêr fia de mail berjocht oer.