Tryater hat besluten om foarstellingen ôf te laskjen oant en mei 31 maart
12 03 2020Tryater folget de maatregels dy’t de regering oankundige hat om it coronavirus hinne. Tryater hat dêrom besluten om foarstellingen ôf te laskjen.
De foarstellingen fan de ‘Trije Susters’ fan De Prutsers spilet net oant en mei 31 maart. Hoewol’t de kapasiteit net oan de 100 komt, sit it publyk yn in alternatieve opstelling wêrby’t spilers en publyk ûnderling tichtby mekoar sitte. Boppedat binne twa spilers fan de Prutsers dy’t ta de risikogroep hearre. Mooglik wurde dizze foarstellingen op letter tiidstip ynhelle. De kaarten bliuwe jildich. It publyk dat kaarten kocht hat krijt dêr fia de mail berjocht oer.
De lêste twa foarstellingen nije wike fan ‘Dit wie it waar wer’ foar de basisskoallen yn de teaters wurde ôflaske. Tryater nimt kontakt op mei de skoallen foar de ôfhanneling.