Karlijn Kistemaker artistyk lieder jeugd- en jongerenteater Tryater
20 02 2020Mei yngong fan it nije teaterseizoen, it momint dat Tatiana Pratley oantreedt as artistyk directeur fan Tryater, wurdt Karlijn Kistemaker artistyk lieder jeugd- en jongerentheater. Hjirmei kiest Tryater foar in sterkere profilearring fan it jeugd- en jongereoanbod yn de nije beliedsperioade. Fan 2021 ôf sille de jeugd- en jongerefoarstellingen fan Tryater net allinne yn Fryslân, Grins en Drinte spylje foar skoallen, mar ek op lanlike festivals.
Kistemaker makket de kommende jierren ynterdissiplinêre jeugdfoarstellingen oer tema’s dy’t bepalend binne foar de takomst fan bern, lykas duorsumheid, iten, minsk en natuer. Mei humor, kleur en fantasy nûget Kistemaker it jonge publyk út om sels te ûnderfinen, ûndersykjen en reflektearjen en sa ûnderdiel te wurden fan de foarstelling.
Karlijn regissearre earder by Tryater de beukerfoarstelling In dei út it knisterjende libben fan in pûdsje (2016). Op dit momint makket Kistemaker de 8+ foarstelling Dit wie it waar wer (Dit was het weer weer). Fierderop op dizze site is mear te lêzen oer de foarstelling.
Kistemaker studearre yn 2013 ôf oan de Regieopleiding van de Amsterdamse Hogeschool voor de Kunsten. By har ôfstudearjen krige se de Top Naeff Prijs. Mei har eigen selskip Kompagnie Kistemaker wurke Kistemaker de ôfrûne jierren oan de tolvedielige