Expositie 'Skriuwe & Raze'
06 02 2020Seis yntrigearjende portretten fan ‘ferjitten minsken’ wurden fanôf 30 jannewaris tentoansteld yn de foyer fan Tryater.
As net ien dy heart en net ien dy sjocht, hoe hâldst dy dan steande? Seis skriuwers binne mei dy fraach op ûndersyk gongen nei oanlieding fan de teaterfoarstelling Raze om protters fan Tryater, in foarstelling oer minsken dy’t op ien of oare wize bûten de maatskippij lykje te stean en gauris net heard of sjoen wurde.
De skriuwers binne yn petear gongen mei minsken dy’t hjir ûnderfining mei hawwe en ûndersochten hoe’t dizze ferhalen ferteld wurde koenen; wêr sit de passy en wêr de pine? Kinne gedachtes en wat der letterlik sein wurdt ek tegearre yn in monolooch? Mei it fiktyf wurde of moat it sa ticht mooglik by de wierheid bliuwe? Dêrnjonken hawwe tolve fotografen fan De Fotofabryk út Ljouwert harren ynspirearje litten troch dizze iepenhertige ferhalen. De kombinaasje fan dizze poëtyske, assosjative foto’s mei oprjochte ferhalen soarget foar in rige yntrigearjende portretten fan minsken yn ús maatskippij. De tenoanstelling rint o/m 1 maaie 2020 en is tidens kantoaroeren te besjen.