Eksklusive koarting op kaarten wilens Berneboekewike!
04 10 2019It is Berneboekewike fan 2 oant en mei 13 oktober! Om’t wy dizze winter de foarstelling Karlsson fan het dak nei it berneboek fan Astrid Lindgren foar it earst oait op de Nederlânske planken bringe, is der wilens de Berneboekewike 40% koarting by oanskaf fan trije kaarten ôf! Keap de tickets fia dizze link op de side fan De Harmonie.
Astrid Lindgren is bekend fan Pippi Langkous, Ronja de Roversdochter en de Bruorren Leeuwenhart. Karlsson fan it dak is yn Nederlân in minder bekend boek, mar wurdt ek kleurd troch Lindgrens skaaimerkende eigensinniche karakters en grutse aventoeren. Earder spylden wy by Tryater al de famyljespektakels Ronja de Rôversdochter (2000) en De Bruorren Liuwehert (2006) yn Stadsschouwburg De Harmonie.
Karlsson fan it dak
De hiel gewoane Erik Erikson wennet mei syn hiel gewoane âlden yn in hiel gewoane strjitte yn Stockholm. Mar as op in jûn in lyts dik mantsje mei in propeller op ’e rêch Erik syn sliepkeamer ynfljocht, is syn libben ynienen net sa gewoan mear. Karlsson nimt Erik mei op syn rêch nei syn wrâld op it dak. Tegearre belibje se de spannendste aventoeren fol ûnhandige ynbrekkers, boaze omkes en soere muoikes. Ien ding is wis: as Karlsson yn de buert is, hoechst dy noait te ferfelen. Want mei net ien kinst sokke goede aventoeren belibje as mei Karlsson fan it dak, de meast ûngewoane held dy’t der bestiet!
Stap yn de magyske wrâld fan Karlsson fan it dak: it ferhaal oer de ûngewoane, dwerse en grappige freon dy’t dy op ’e nij sjen en ûntdekken leart en it aventoer yn dy losmakket.
- Spylperioade: fan sneon 14 oant en mei moandie 30 desimber 2019, middei- en jûnfoarstellingen.
- De foarstelling is folslein yn it Frysk, foar wy’t dat wol is der in Nederlânske oersetting beskikber.
- De foarstelling is geskikt foar bern fan 8 jier en âlder.