Wereldburgers van de Voorstreek online te sjen
31 12 2018De hiele foarstelling Wereldburgers van de Voorstreek is fanôf no ek online te sjen fia de Leeuwarder Courant tanksij de registraasje fan PodiumTV.
“Was het theaterjournalistiek of journalistiek theater? Het was in ieder geval een van de meest bijzondere samenwerkingen van LF2018: de voorstelling van Tryater en de Leeuwarder Courant over een van de meest levendige straten van Leeuwarden, de Voorstreek.”
De foarstelling is te sjen fia dizze link mei Raymond Muller, Nynke Heeg, Beppe Costa en Tamara Schoppert!
De foarstelling
Raymond, hikke en tein yn Ljouwert, rint nei in jûntsje stappen oer de Voorstreek. De Voorstreek, in strjitte dy’t elkenien ken: mei in snackbar en in pizzeria dêr’tst soms in hap hellest, en mei fage winkels dêr’tst noait komst. It is let, de skimer en de alkoholroes nimme it oer en Raymond komt yn situaasjes telâne dy’t net fan him binne. Ynienen is hy de klant dy’t in pyama foar syn ferstoarne heit keapet en even letter praat er mei in nuchtere winkelman dy’t yn reynkarnaasje leaut. Raymond makket in trip en krijt sa tagong ta it wiere gesicht fan de Voorstreek. It is in werklikheid fan dreamen, hoopje, mystearjes, ûnferjitlike oneliners en absurde situaasjes.
De situaasjes yn Wereldburgers van de Voorstreek binne net betocht. Der wurdt spile mei de rykdom oan dialekten en aksinten fan de strjitte. En wêr’t wurden tekoart sjitte, nimt muzyk it oer.
Stap yn dizze magysk-realistyske reis en ûntdek mei ús de wrâld om ús hinne.